De earste oarloch begûn yn it jier [[499 f.Kr.]] doe de Grykse koloanje yn Ioanje op de westkust fan [[Lyts-Aazje]] yn opstân kaam tsjin de Perzen dy't dêr de macht oernommen hienen (sjoch: [[Ioanyske opstân]]). De Perzen makken in ein oan de opstân en foelen út wraak [[Atene]] oan, dat de opstannelingen stipe hie. Yn [[490 f.Kr.]] einige de striid mei de [[slach by Maraton]], dêr't de Ateners in oerwinning hellen ûnder lieding van [[Miltiades]].
== Twadde Perzyske oarloch ==
De twadde oarloch bruts út yn [[481 f.Kr.]] doe't it [[Perzyske leger]] opnij tsjin de Griken opluts. Nei in fûleindige striid tsjin de [[Sparta]]nen yn de [[slach by Termopylee]] dy't einige mei in oerwinning, waarden de Perzen yn [[480 f.Kr.]] yn de [[Slach by Salamis]] troch de [[Atene]]rs ferslein en litten se yn [[479 f.Kr.]] yn de [[Slach by Platéa]] foargoed in nederlaach. Dêrtroch waarden de Ioanyske stêden befrijd fan de Perzyske oerhearsking.
De oarloch tusken [[Atene]] en [[Perzyske Ryk|Perzje]] attere noch in moai hoart troch (oant [[448 f.Kr.]]), mar in protte striid waard der net mear levere.