Pompejus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pompei Magnus Antiquarium.jpg|thumb|300px|Gnaeus Pompeius Magnus de Grutte]]
'''Gnaeus Pompeius Magnus''' ([[Latyn]]: <small>CN·POMPEIVS·CN·F·SEX·N·MAGNVS</small>) ([[Rome (stêd)|Rome]], [[29 septimber]] [[106 f. Kr.]] – [[Alde Egypte|Egypte]], [[29 septimber]] [[48 f. Kr.]]) wie militêr en polityk leider ûnder de lette [[Romeinske Republyk]]. Hy foarme mei [[Marcus Licinius Crassus Dives|Markus Krassus]] en [[Julius Caesar]] it [[Earste Triumviraat]] (59-53 f. Kr.).
 
==Politike en militêre wurkpaad==
Pompeius wie in soan fan de tige rike Romein [[Gnaeus Pompejus Strabo]]. Syn wurkpaad sette al op jonge leeftyd útein. Doe [[Sulla]] mei syn leger yn [[88 f. Kr.]] opluts nei Rome, sammele Pompejus twa legioenen byelkoar en slute him by Sulla oan.
 
Wylst Sulla Rome ynnaam, gie Pompejus út syn namme nei Sisylje en Noard-Afrika om dêr de oanhingers fan [[Marius]], de tsjinstanner fan Sulla, te bestriden. By syn weromkomst yn Rome, krige Pompejus de opdracht om de opstannige [[Sertoarius]] yn Spanje te ferslaan. Nei in lange kriich waard Sertorius troch in eigen offisier, Perperna, ombrocht en koe Pompejus weromkeare nei Rome.
 
Neidat er mei in spesjaal mandaat beklaaie wie om de [[Seerover|piraten]] út [[Sisylje]], dy't de [[Middellânske See]] teisteren, te bestriden, slagge hy yn in rap tempo dêryn harren út te rûgjen. Yn Rome hie men tocht dat hy de put yn trije jier foltôgje soe, mar it waarden trije moannen. Pompejus ferdriuw harren nei de eastlike boppehoek fan de Middellânske See. Hy joech de oerbleaune piraten de kar: deafechtsje of in nij libben begjinne. Hja keazen allen foar de lêste. Ut tankberens stiften de bekearde piraten de stêd Pompeiopolis (tichtby it tsjintwurdige [[Mersin (stêd)|Mersin]]). Dêrop naam Pompejus, yn [[66 f. Kr.]], it befel oer fan de Romeinske generaal [[Lukullus]] en syn striid tsjin [[Mitridates VI]] fan [[Pontus]]. Nei inkele grutte oerwinningen behelle te hawwen organisearre Pompejus it grutste part fan it easten fan it [[Romeinske Ryk]] opnij.
 
Al dizze oerwinningen joegen him de earetitel ''Magnus'' (de Grutte), wat him op like hichte brocht as syn idoal [[Aleksander de Grutte]].
 
== It earste triumviraat (60-53 f. Kr.)==
Pompejus sleat him tegearre mei [[Markus Lisinius Krassus]] yn [[60 f. Kr.]] oan by it [[Earste Triumviraat]] dat op inisjatyf fan en mei, Gaius Julius Caesar sletten waard, nettsjinsteande it ûnderlinge wantrouwen tusken beide mannen. Caesar moast as konsul yn [[59 f. Kr.]] derfoar soarje dat Pompejus syn [[oarlochsfeteranen]] in stikje lân krige om te arbeidzjen. It triumviraat foel lykwols neidielich út foar Pompejus, doe't Krassus yn [[53 f. Kr.]] sneuvele yn de striid tsjin de [[Parten]] en it triumviraat einige.
 
De oergong fan militêr nei politikus ferrûn foar Pompejus min. Sawat alle antike auteurs (û.a. [[Plutarchus]], [[Kassius Dio]] en [[Appianus]]) skriuwe dan ek dat it foar Pompejus better west hawwe soe as er fuort nei syn grutste oerwinning op Mitridates ferstoarn wie. Neidat Pompejus yn de problemen kaam troch syn passive hâlding en minne beslissingen as gefolch fan ferkearde ynformaasje, luts hy him safolle mooglik tebek út it iepenbiere libben.
Rigel 21:
 
== Tsjin Caesar ==
Op [[7 jannewaris]] [[49 f. Kr.]] waard Pompejus as [[diktator (Rome)|diktator]] oanstelle troch de [[senaat (Rome)|senaat]] om de Republyk tsjin Caesar te ferdigenjen. It slagge Pompejus net op tiid in behoarlik leger op de bien te bringen en hy moast nei it Easten flechtsje. Yn it hiele Ryk bruts yn alle fûlens in boargeroarloch.
 
Pompejus hie in minder leger as dat fan Caesar, dat benammen út Galyske feteranen bestie. Lykwols helle hy yn it begjin de measte oerwinningen. Mar troch de beheiningen dy't Pompejus troch de senaat oplein waarden en de beslútteleasheid fan syn ûnderbefelhawwers waard Pompejus yn [[48 f. Kr.]] ferslein yn de [[slach by Parsalus]]. Pompejus koe nei Egypte flechtsje dêr't [[Ptolemaeus XIII Theos Pilopator|Ptolemaios XIII]] hearske en dy't him help ferskuldige wie as ''cliens''. Doe hy lykwols foet oan wal sette, waard Pompejus fermoarde. By Caesar syn oankomst yn Aleksandrje waard him it haad fan Pompejus oanbean. Caesar toande lykwols in hevige ôfkear fan dat "geskink".
 
Pompejus hie twa soannen neamd [[Gnaeus Pompeius Magnus minor|Gnaius]] en [[Sextus Pompeius Magnus Pius]].