Ramayana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
korr. kepp.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 26:
| ISBN oers. =
}}
It '''''Ramayana''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''रामायण''', sekuerdere transliteraasje: '''''Rāmāyaṇa''''' (útspr.: /rɑːmɑːjəɳə/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Mahabharata|Mahābhārata]]''). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e [[4e iuw f. Kr.|fjirde]] en [[5e iuw f. Kr.|fyfde iuw f. Kr.]] Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid [[Rama|Rāmā]], wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod [[Vishnu]]. Tradysjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en [[dichter]] [[Valmiki|Vālmīki]]. It ''Rāmāyaṇa'', dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāmā" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāmā"), beskriuwt de syktocht fan Rāmā nei syn troch de demon [[Ravana|Rāvaṇa]] ûntfierde frou [[Sita (hindoeïsme)|Sītā]], dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod [[Hanuman]] út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka ([[Sri Lanka]]) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte [[etysk]]e lessen. It ''Rāmāyaṇa'' is de wichtichste [[religy|religieuze]] tekst foar de [[vishnuïsme|vishnuïtyske]] hindoes fan 'e [[Rama-Sita-kultus|Rāmā-Sītā-kultus]]. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt iuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]].
 
== Opbou en oarsprong ==
It ''Rāmāyaṇa'' is in epos fan likernôch 50.000 dichtregels, oardere yn 24.000 twaregelige fersen, 500 lieten en 7 boeken. It is hast twa kear sa lang as [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]'' mei-inoar. Men is fan tinken dat it gearstald wêze moat yn 'e [[4e iuw f. Kr.|fjirde]] en [[5e iuw f. Kr.|fyfde iuw f. Kr.]], mar om't it orizjineel net oerlevere is en de âldst bewarre ferzje pas fan likernôch [[1020]] datearret, is it net mear mooglik en ûnderskied de ferskillende oanpassings dy't de tekst sûnt ûndergien hat.
 
== Skriuwerskip ==