Romeinske Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 2:
[[Ofbyld:Marius Glyptothek Munich 319.jpg|thumb|right|170px|Bust fan [[Marius|Gaius Marius]], werformer fan it [[Romeinske leger]].]]
[[Ofbyld:Pompei Magnus Antiquarium.jpg|thumb|right|170px|Buste fan [[Pompejus]].]]
De '''Romeinske Republyk''' wie in eardere perioade yn de skiednis fan de [[Romeinen]], tusken it [[Romeinske Keninkryk]] en it [[Romeinske Ryk]] yn. Yn dat tiidrek waakste Rome út fan in stêd dy't lokale krigen útfjocht mei buorsteden oant in wrâldryk. De republyk sette útein mei de earste ferkiezing fan de [[konsul (Rome)|konsuls]] yn 509 f. Kr. en einige 478 jierren letter doe't Oktavianus de earste keizerlike dynasty fêstige. It tiidrek moat net betize wurde letter koarte tiid besteand hawwende Romeinske republiken út de [[Moderne Tiid]], sjoch dêrfoar de [[Romeinske Republyk (1798-1799)|Romeinske Republyk fan 1798-1799]] en de [[Romeinske Republyk (1849)|Romeinske Republyk fan 1849]].
 
== It ûntstean fan de Repyblyk ==
It begjin fan de Romeinske skiednis leit yn de ferieniging fan Paltinus en de Quirinalis, de âldst bewenne heuvels fan Rome. De stêd dy't hjirút ûntstie kaam al gau ûnder [[Etrusken|Etruskyske]] hearskippij te lizzen. Neidat de Romeinen de Etruskyske kening [[Tarkwinius]] yn [[496 f. Kr.]] ferdreaunen, sletten Romeinen en Latinen in ferbûn. Nei de ferovering fan Feji ([[396 f. Kr.]]) wreide Rome har macht út oer de omhinne lizzende krite, nettsjinsteande de ûnderlinge striid tusken [[Patrysjer|patrysjers]] en [[pebejers]]. De ekspânsje stagnearre lykwols yn [[387 f. Kr.]] doe ynfallende [[Galjers]] Rome oermasteren en de Romeinen in fernederjende frede opleinen. It gefolch wie dat de buorfolken yn opstân kamen. De opstân waard betwongen nei jierrenlange striid; yn de [[Samnityske Krigen]] (326-304 en 298-290 f. Kr.) slaggen de Romeinen, nettsjinsteande earst nederlagen (pas fan Caudium, [[321 f. Kr.]]), harren macht fierder út te wreidzjen yn [[Kampanje]] en Samnium. Sy rekken dêr yn konflikt mei Tarente, dat de help ynrop fan kening [[Pyrrus fan Epirus]], dy yn [[275 f. Kr.]] by Beneventum ferslein waard. Fan dat stuit ôf stie it Súd- en Midden-Itaalje ûnder Romeinske hegemony.
 
Troch in systeem fan wegen en koloanjes hanthavenjen de Romeinen harren gesach. De ûnderwurpen folken waarden ''"socii"'' (bûnsmaten). Oan inkele Latynske steden waard it boargerrjocht ferline. Troch de feroveringen yn Súd-Itaalje kaam Rome yn kontakt mei de [[Kartago|Kartagers]]. Nei de [[Earste Punyske Oarloch]] (264-241 f. Kr.) ferkrigen de Romeinen [[Sysylje]] en anneksearen [[Sardynje]] en [[Korsika]] ([[238 f. Kr.]]). Nei de [[Twadde Punyske Oarloch]] waard Kartago en Korinte ferwoast; Masedoanje en Grikelân waarden ien Romeinske provinsje. Pergamum (westlik Lyts Aazje) waard de provinsje Aazje (133 f. Kr.)
 
== Reformaasje fan de Republyk ==
Troch de rige oermasteringen feroare stadich de sosjale struktuer fan it ryk. De belêstingpachters yn de provinsjes (de publicani) waarden ryk en kochten lân, benammen yn Itaalje. De boerebefolking luts nei Rome en foarmde it proletariaat dat mei sosjale maatregels yn libben hâlde wurde moast.
Besikings fan de bruorren [[Grakkus]] om herfoarmingen troch te fieren mislearen ([[133 f. Kr.|133]]-[[121 f. Kr.]]) en it die al gau bliken dat de [[senaat (Rome)|Senaat]] gjin oerwicht mear hienen. Yn de kriich tsjin Jugarta (111-105 f. Kr.) dy't troch [[Marius]] wûn waard, waarden proletaarjers as berôpsoldaten yn it leger opnommen. Nei de Bûnsmatenkriich ([[91 f. Kr.|91]]-[[89 f. Kr.]]) ferkrige hja it boargerrjocht. De Earste Boargerkriich ([[88 f. Kr.|88]]-[[81 f. Kr.]]) tusken de oanhingers fan de populêre Marius en de Senaatsgesinde [[Sulla]] einige yn in oerwinning fan Sulla.
 
== Trijemanskippen en Diktatuur ==
Nei de dea fan Sulla yn [[79 f. Kr.]] besochten [[Pompejus]] en Krassus mei stipe fan it folk de macht te krijen. Pompejus fersloech [[Mitridates VI]] fan Pontos en wreide it Romeinsk grûngebiet út oant de [[Eufraat]]. By syn weromkomst yn Rome yn [[63 f. Kr.]] kaam it Earste Trijmanskip tussen Krassus, Pompejus en [[Julius Caesar]] ta stân.
 
Hja wisten de senaat nei harren hân te setten. Caesar gie yn [[59 f. Kr.]] nei [[Galje]] dat hy yn tsien jier tiid ûnderwurp. Krassus sneuvele tsjin de Parten ([[53 f. Kr.]]). It oerheljen fan Pompejus troch de senaat late ta de saneamde Twadde Boargerkiich (49-45 f. Kr.). Pompejus waard troch Caesar ferlein dy't dêrtroch allinnich hearsker wurden wie. Hy soe de basis lizze foar it lettere keizerskip. Nei syn fermoardzjen troch guons fan de senaat kaam yn [[43 f. Kr.]] it Twadde Trijmanskip ta stân tusken [[Oktavianus]], [[Lepidus]] en [[Markus Antonius]]. Lepidus waard oan de kant skowe, Oktavianus krige it westen, Antonius it easten. Antonius rekke ûnder ynfloed fan de Egyptyske keninginne [[Kleopatra VII|Kleopatra]] en foar ferstuts er syn eigen frou dy't in suster wie fan Oktavianus. In Tredde Boargerkriich bruts út yn 31 f. Kr. en Antonius en Kleopatra waarden ferslein troch Oktavianus. Dizze ferwurf no de allinnich hearskippij en dat soe de ein betsjutte fan de Republyk.