Septuaginta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:P. Chester Beatty VI fragments, recto.jpg|thumb|De Chester Beatty Papyrus VII bevat stukken Deuteeronomium]]
[[Ofbyld:Codex vaticanus.jpg|thumb|200px|right|De Septuagint: een kolom in [[unciaal]] schrift van [[1 Ezra]] uit de ''[[Codex Vaticanus]]'']]
De '''Septuagint''', meastentiids ôfkoarten as '''LXX''' (70 yn [[Romeinske sifers]]), is de namme foar de [[Koinè|Grykske]] [[Bibeloersetting|oersetting]] fan de [[Tenach]] of it [[Alde Testamint]], dy't tusken likernôch [[250 f. Kr.]] en [[50 f. Kr.]] makke waard.
 
== De Namme en it ûntstean fan de Septuagint==
Rigel 14:
Nei in net slagge besiking 61 jier earder, om de [[Thora|Torah]] yn it Gryksk oer te setten, sammele de Gryksk-Egyptyske kening Ptolemaeus II 72 rabbinen by elkoar yn 72 ôfsûndere romten. Eltse rabbyn krige de opdracht in oersetting foar him te meitsje fan de [[Tora|Torah]] yn it Gryksk.
 
Op de achtste dei fan de moanne [[Teweet]] fan it [[Joadske kalinder|Joadske jier]] 3515 (246 f. Kr.) waarden 72 ferzjes makke, mei allegear op 13 plakken deselde feroarings (dêr't hja mei-elkoar fan miening wienen dat in te letterlike oersetting in korrupsje fan de orizjinele tekst betsjutting soe). Neffens de tradysje soe bliken dien hawwe dat alle oersettingen lyk wienen, wylst hja noch wol stikem ûnôfhinklik bepaalde feroarings yn de oersetting oanbrocht hawwe soenen. Dizze Grykske oersettingen waarden ''Septuagint'' („fan de santich”) neamd.
 
Under it tiidrek fan de Talmoeden krige men spyt foar it meitsjen fan de oersetting, sadat de Joadske datum 8 Teweet in fastendei waard.
 
=== Konflikten tusken Joaden en kristenen ===
De LXX wie ûnder it [[Hellenisme]] en de earste iuwen fan it [[kristendom]] de wichtichst en faakst brûkte [[Bibeloersetting]], by de kristenen likegoed as by de Joaden. By de Joaden lykwols krige de oersetting fan om-ende-by [[100]] n. Kr. ôf in minne namme, om't de kristenen mei de LXX yn de hân besocht hawwe oan te toanen dat [[Jezus Kristus]] de foarseine [[Messias]] wie.
Nei inkele besikingen om de [[Hebriuwske Bibel]] op 'e nij, mar dan letterliker oer te setten – troch Aquila (hiel bot letterlik, en dêrtroch ûnbegryplik), troch Symmachus en troch [[Teodotion]] (op 'e nij besjen fan de LXX) – wurdt yn de [[synagoge]] besletten de bibel allinnich noch mar yn it Hebriuwsk te lêzen en hat men de LXX oan de kristen oerlitten. Der waard yn Hebriuwsk ûnderwiis oan bern ynvestearre en it proses fan standerdisearje fan wat lang om let de [[Masoretyske Tekst|Masoretyske tekst]] gien hite soe waard trochsetten.