Suëven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
De Suëven emigrearren nei it tsjintwurdige [[Dútslân]] en bleaunen dêr earst yn it noarden by de [[Elbe]]. Al gau lutsen sy nei it suden ta. Neffens de Romeinske skiedkundige [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] dienen de Semnoanen en Langobarden mei oan de striid fan [[Ariovistus]] tsjin [[Julius Caesar]] yn ([[58 f. Kr.]]).
 
Yn de [[4e iuw]] waarden de Suëven troch de [[Hunnen]] ferdreaun en foelen sy yn [[406]], nei it beheljen fan de oerwinning yn de [[Slach by Mainz]], it [[Romeinske Ryk]] binnen. Tegearre mei de [[Fandalen]] lutsen sy troch [[Galje]] hinne, rjochting [[Spanje]] en kamen dêr oan yn [[409]]. Under lieding fan kening [[Hermerik]] († [[438]]) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje [[Gallaecia]], tsjintwurdich de Spaanske regio [[Galysje]]. Dêr gongen de Suëven foar in grut part oer op it [[kristendom|Arianisme]], in kristlik leauwen.