Sûmearje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 6:
== Skiednis ==
De skiednis fan Sûmearje wurdt yn fiif tiidrekken opdield:
* de [[Uruk]]- perioade, ± 4000-3000 f. Kr. Yn dizze perioade fêstigen de Sûmearjers har yn it lân. Doarpen woeksen út ta stêden en fan alle stêden waard Uruk de wichtichste troch har [[Inanna]]timpel.
* de [[Jemdet Nasr]]-perioade, ± 3100-2900 f.Kr. Yn dizze perioade feroaren de sintra fan stêden yn hillichdommen, de befolking nimt yn oantal ta en de yrrigaasje wurdt yntrodusearre wêrtroch de opbringsten fan de it lân tanimme.
* de Iere Dynaasje,
Rigel 12:
* en de [[Ur]] III-perioade.
 
De skiednis fan Sûmearje beslaat in tiidrek fan 3800 oant 2000 f. Kr.. Nei de Sûmearjers wurdt it gebiet dominearre troch de [[Babyloanjers]].
 
== Befolking ==
It gebiet fan Sûmearje waard foar it earst befolke (foar 4000 f. Kr) troch in folk dat de [[archeology|archeologen]] de ''[[Ubaidjers]]'' of ''Obeidjers'' neame, nei it doarp [[Obeid|al-Ubaid]] wêrfan't resten fûn binne. Dat folk lei sompen drûch en soarge foar yrrigaasje, sadat lânbou mooglik waard. Ek hannelen se al en waarden potten bakt en learloaid.
 
De Sûmearjers lutsen likernôch rûn 3500 f. Kr. it gebiet yn. Harren foarskiednis is net dúdlik. Guon tinke dat se út [[Anatoalje]] komme, mar se kinne likegoed út de [[Yndusfallei]] wei kaam wêze en troch [[Iran]] yn it gebied komd wêze.
 
Sy sprutsen [[Sûmearysk]], in aggluynearjende taal. Der binne oanwizingen dat der foarhinne in oare taal sprutsen waard dy’t proto- Eufratysk neamd wurdt. Der is net folle mear oer fan dy [[taal]]. In tal plaknammen en lienwurden hawwe de Sûmearjers oernaam en net mear. Opfallend is wol dat de lienwurden faak net mear as ien lettergreep hawwe. It Sûmearysk hinget bot nei it [[nonsyllanisme]] oer, krekt as it moderne [[Sineesk]].
Rigel 27:
Om 3500-3000 f. Kr ûntstie de âldste foarm fan it “skrift”. Ut in [[piktografysk skrift]] ûntwikkele him letter it [[spikerskrift]]. Yn de archeologyske laach 4 fan [[Uruk]] waarden klaaitabletten fûn mei in skrift dat in ûntwikkeling nei it spikerskrift toant. It spikerskrift bleau yn gebrûk oant de [[Hellenisme|hellenistyske]] perioade en waard dêrnei yn [[Mesopotaamje]] stadichoan ferfong troch it ienfâldiger [[Arameesk|Arameenske]] skrift.
 
Der binne fragminten fan talrike eksimplaren fan it [[Gilgamesjepos]] fûn. Sawol yn it [[Sûmearysk]] as yn it [[Akkadysk]]. Sadwaande wie it mooglik it hiele ferhaal te rekonstruearjen. It lêste spikerskrifttablet datearret út [[74]] n. Kr..
 
De Sûmearjers wienen goeie smitten dy’t ûnder mear dolken en helmen yn goud makken. Somtiden waarden gouden foarwerpen ynlein mei [[Lapis Lazuli]].