Syrje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 44:
It gebiet dêr't Syrje diel fan útmakket leit yn de saneamde [[Fruchtbere Healmoanne]] en waard al yn de Aldheid bewenne troch ferskate âlde beskavings lykas [[Mary (stêd)|Mary]], [[Ebla]], [[Ugarit]], [[Amoriten]], [[Hettiten]], [[Babyloanje]]rs en oaren.
 
Om-ende-by [[550 f. Kr.]] kaam it oan de [[Perzje|Perzen]] ta en yn [[332 f. Kr.]] oan [[Aleksander de Grutte]] en syn opfolgers, de [[Seleusiden]]. Dêrnei in provinsje fan de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] en harren opfolgers de [[Byzantynske Ryk|Byzantinen]].
 
Yn de 7e iuw ([[635]]) ferovere de [[Arabyske Ryk|Arabieren]] it lân en waard it efterinoar bestjoerd troch de [[islam]]ityske dynastyën fan de [[Omajaden]], de [[Abbasiden]], de Turkske [[Seltsjoeken]], de ta de islam bekearde [[Mongoalske Ryk|Mongoalen]], de Egyptyske [[Mammelukken]] en lang om let de [[Ottomaanske Ryk|Ottomanen]]. Allinnich yn it tiidrek fan de krústochten wienen der in skoftsje [[kristendom|kristlike]] foarstedommen fêstige.