Syrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 14:
| ISO 639-3 = syc
}}
It '''Syrysk''' (Syrysk: ܠܫܢܐ ܣܘܪܝܝܐ ''leššānā Suryāyā'') is [[dialekt]] fan it [[Arameesk|Midarameesk]], dat tusken de [[fjirde iuw f. Kr.]] en de [[achtste iuw]] (n. Kr.) yn it [[Midden-Easten]] rûnom sprutsen waard yn it gebiet fan 'e [[Fruchtbere Healmoanne]]. It is in lid fan 'e [[Semityske talen|Semityske]] tûke fan 'e [[Afro-Aziatyske talen|Afro-Aziatyske]] [[taalfamylje]], en waard skreaun yn it [[Syryske alfabet]], dat in oanpaste foarm fan it [[Arameeske alfabet]] is.
 
==Skiednis==
It Syrysk is oerlevere fan 'e [[earste iuw]] (n. Kr.) ôf en kin opdield wurde yn trije histoaryske perioaden, ntl. it Aldsyrysk, de taal fan it keninkryk [[Osroëne]]; it Midsyrysk, dat de [[tsjerketaal]] waard fan alle [[kristendom|kristlike tsjerken]] fan 'e [[Westsyryske liturgy|Westsyryske]] en [[Eastsyryske liturgy]]; en it Klassyk Syrysk, dat him tusken de [[fjirde iuw|fjirde]] en de [[achtste iuw]] ûntjoech ta de [[literatuer|literêre]] taal fan in grut part fan it Midden-Easten. Fan 'e [[sânde iuw]] ôf begûn it Syrysk troch de flugge opmars fan it [[Arabysk]] almar mear yn it neigean te reitsjen, in proses dat noch hurder gie troch de ferwuostgjende [[Mongoalen|Mongoalske]] ynfallen yn 'e Fruchtbere Healmoanne yn 'e [[trettjinde iuw]]. Hoewol't it Syrysk in grutte ynfloed útoefene op 'e ûnderskate Arabyske sprektalen en teffens op it postklassike literêre Arabysk, wie it der oan 'e ein fan 'e [[fjirtjinde iuw]] frijwol hielendal ûnder strûpt.
 
==Gebrûk==