Ferskil tusken ferzjes fan "Terp"

5 bytes lytser ,  4 jier lyn
f.Kr./n.Kr.
(f.Kr./n.Kr.)
Fryslân is foarme ûnder de ynfloed fan de see, en de see hat lange tiid frij spul hân op it Fryske lân. By [[seestiging]]en strûpte de see it lân der ûnder, wat foar de earste bewenners fan Fryslân altyd reden wie har hjir net permanint te wenjen te setten. Om 700 foar Kristus hinne setten minsken har op de hegere kwelderwâlen te wenjen, en doe’t rûn 500 foar Kristus wer in seestiging kaam, wie it foar guon mei in opheging fan har wenstee út te hâlden. Yn de tiden tusken seestigings waard it mooglik ek op oare plakken te wenjen, en om't der mear minsken kamen wie dêr ek ferlet fan. Dêrnei waard der by eltse nije seestiging in nije generaasje terpen boud.
 
Der binne sa fjouwer generaasjes fan terpen: fan [[500 f. Kr.]], fan [[200]] n. Kr., fan [[700]] n. Kr. en fan nei it jier [[1000]]. It oanlizzen fan de [[seedyk|seediken]] makke dat der by de seestiging fan de fjirde generaasje al minder ferlet fan terpen wie, en nije terpegeneraasjes binne der net mear kaam.
 
De âldst bekende terp, en mei 8,8 m. ek de heechste, is dy fan [[Hegebeintum]], dy't [[600 f. Kr.]] al bewenne wie. Lykwols hawwe de measte terpen fan de earste generaasje oant de [[1e iuw f. Kr.]] net it hiele jier troch bewenne west. Fan doe oant de [[8e iuw]], it tiidrek dat Fryslân diel útmakke fan it [[Frankyske ryk]], wie dat lykwols al sa.
 
== Bou ==
17.651

bewurkings