Tibearius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tiberius palermo.jpg|right|thumb|250px|Buste fan Tibearius (''Museo Archeologico Regionale'', Palermo).]]
'''Tibearius Klaudius Nearo''' ([[16 novimber]] [[42 f. Kr.]] – [[16 maart]] [[37]]), koartsein '''Tibearius I''', wie de twadde ''princeps'' ([[14]]-[[37]]) fan it [[Romeinske Ryk]], as opfolger fan [[Augustus Oktavianus]]. Nettsjinsteande syn skitterjende (militêre) wurkpaad foardat er keizer waard, soed er de skiednis yngean as in tryst en erchtinkend hearsker.
 
== Komôf ==
Tibearius wie de soan fan [[Tibearius Klaudius Nearo]] en [[Livia Drusilla II|Livia]]. Beide wienen telgen út in âld Romeinsk [[Patrysjer|patrysysk]] laach. Syn mem wie noch mar trettjin en in heal jier âld doe hy berne waard, wylst syn heit - dy't yn de [[Senaat (Rome)|senaat]] sied en dat jier ''[[praetor]]'' wie - tritich jier âlder wie as syn frou. [[Nearo Klaudius Drusus]] wie syn jongere broer.
 
Tibearius hat syn posysje krige troch syn mem, dy't de twadde frou wie fan keizer [[Augustus Oktavianus|Augustus]]. Hy waard ien fan syn wichtichste luitenants en joech lieding oan militêre kampanjes yn Dútslân en by de Donau-grins. As útfiering fan Augustus gesinsbelied, waard hy yn [[12 f. Kr.]] twongen ta in polityk houlik mei [[Fipsania]], dochter fan [[Markus Agrippa Fipsanius|Agrippa]]. Dat houlik waard letter op gesach fan de keizer wer ûntbûn en moast er boaske mei [[Julia Kaesaris]], dochter fan Augustus, en widdo fan syn skoanheit Agrippa. Dat twadde houlik wie lykwols gjin sukses en mislearre. Tibearius gie yn sels opleine ballingskip nei it eilân [[Rodos]].
 
== Syn regear ==