Tibearias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 33:
De stêd waard [[17|17 n.Kr.]] stifte troch [[Herodes Antipas]], soan fan de mear ferneamde kening [[Herodes I]]. Herodes Antipas neamde it plak nei ''[[prinseps]]'' [[Tiberius Klaudius Nero (soan)|Tiberius]]. Sûnt de klassike âldheid is de stêd, dy't yn Romeinsk-Grykske styl boud waard, ferneamd om syn hjitwetterboarnen. Fiskjen op de mar is fanâlds in wichtige boarne fan ynkommen.
 
Tiberia is ien fan de hillige stêden foar [[joaden]] en hat lange tiid it spiritueel sintrum foar de joden fan it lân west. De stêd hat in rike skiednis. Yn it âlde Israel lei it yn it stamgebiet fan [[Naftaly]]. Ek hat Tiberias de grêftombe fan de joadske gelearde [[Maimonides]] († [[1204]], [[Kairo]]), yn de Ben Zakkai-strjitte, en ek de grêven fan [[Jochanan ben Zakkai]] en fan [[Rabbi Akiva]] binne yn de stêd. Nei de ferwoesting fan de [[Timpel fan Jeruzalem]] waard it [[Sanhedrin (gerjochtshof)|Sanhedrin]] yn de [[2e iuw|2e]] en [[3e iuw]] n. Kr. nei Tiberias oerbrocht.<br />
De [[Masoreten]], dy't in systeem makken om de bibeltekst, mei klinkers betrouber troch te jaan, wienen om 900 à 1000 hinne warber yn Tiberias.<br />
Yn [[637]] waard de stêd ferôvere troch de Arabieren, mar sy bleau netiiid wol fan joaden bewenne. [[1099]] waard Tiberias troch de krúsridders oermastere dy't de stêd bemuorren en as útfalsbasis brûkten.