Ferskil tusken ferzjes fan "West-Fryslân"

f.Kr./n.Kr.
(f.Kr./n.Kr.)
 
== Skiednis ==
West-Fryslân waard al foar de tiid fan de [[Romeinen]] bewenne troch minsken. Sa om-ende-by [[600 f. Kr.]] festigen de [[Friezen]] harren yn dizze omkriten. It makke in skoftke diel út fan it Romeinske ryk ([[12 f. Kr.]] - [[47|47 n. Kr.]]. De skiednis fan West-Fryslân is foaral ferbûn west mei de rivier de ''[[Flehi]]'', dy't troch de [[Flevomar]] (Almere) yn de [[Waadsee]] útmûnet. Yn de rin fan iuwen waarden mar en rivier hieltyd breder en ûntstie wierskynlik troch ôfslach fan de wâlkant, it ôfgraven fan it fean en it rizen fan de seespegel de [[Sudersee]].
 
Nei it fertrek fan de Romeinen makke West-Fryslân sûnt de [[7e iuw]] diel út fan it [[Fryske ryk]] dat ûnder kening [[Aldgilles I fan de Friezen|Aldgilles]] en [[Redbad]] syn grutste útwreiding berikte. Nei it bewâld fan kening Redbad, stried hofmeier [[Karel Martel]] tsjin de Friezen dy't troch him yn [[720]] ferslein waarden. De Fryske gebieten westlik fan [[Fly|It Fly]], dêr't ek West-Fryslân by hearde kaam sa yn [[Franken|Frankyske]] hannen.
17.653

bewurkings