Westgermaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
 
Rigel 16:
 
==Taalkundige fisy==
De measte [[taalkundige]]n binne nammentlik fan betinken dat de Westgermaanske taalkloft by it losbrekken fan 'e [[Noardgermaanske talen|Noardgermaanske groep]], om 'e [[fyfde iuw]] hinne, al út selsstannige talen bestie. As der al in Westgermaanske ienheidstaal bestien hat, dan soe dy dus yn in earder tiidrek sprutsen wêze moatte, mooglik yn 'e [[earste iuw]], of miskien sels noch earder, yn 'e [[1e iuw f. Kr.|earste]] of [[2e iuw f. Kr.|twadde iuw f. Kr.]]
 
Earder waard it ûntstean fan in Westgermaanske taal wol datearre by it útinoarfallen fan 'e West- en Noardgermaanske taalienheid, oan 'e ein fan it [[Miengermaansk]]e tiidrek fan it [[Proto-Germaansk]], op syn letst yn 'e [[twadde iuw]] (n. Kr.), mei dêrfoar troch de hiele Miengermaanske perioade ek al in Westgermaansk dialekt. Dat kaam om't men der doe noch fan útgie dat der nei it opbrekken fan it Miengermaansk yn 't earstoan in ienheid tusken de [[Noardgermaanske talen|Noard]]- en de [[Eastgermaanske talen]] bewarre bleau. Dy âldere teory is lykwols ferkrongen troch nijere ynsichten, basearre op [[archeology]]ske fynsten mei [[runen|rune]]ynskripsjes dy't sawol Noard- as Westgermaansk wêze kinne, mar net Eastgermaansk.
 
{{boarnen|boarnefernijing=