Wrangel (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 20:
Gelearden binne tsjintwurdich fan betinken dat Wrangel it lêste plak op ierde west hat dêr't in isolearre kloft wollige [[mammoet]]en libbe hat, oant harren útstjerren sa'n 4000 jier lyn. <ref>Vartanyan. S. L. ''et al.'', 1995. ''Radiocarbon Dating Evidence for Mammoths on Wrangel Island, Arctic Ocean, until 2000 BC '' yn Radiocarbon [http://packrat.aml.arizona.edu/Journal/v37n1/vartanyan.html]</ref> It liket derop dat in lytse soarte op Wrangel in skoft oerlibbe hat, in fariant fan de gruttere mammoet yn Sibearje. It kin ek sa wêze dat de mammoet hjir lytser bleaun is troch in tekoart oan fretten. In kombinaasje fan klimaatferoarings en de jacht troch minsken hat wierskynlik harren útstjerren tige befoardere op dit hast altyd beferzen, mei snie oerdutsen eilân. In fergelykbere ûntjouwing hat der west op it eilân [[Malta]] wat de Dwerchoaljefant, fan Afrikaansk komôf, oanbelanget.
 
It bewiis foar [[Prehistoarje|prehistoaryske]] minsklike bewenning waard fûn yn 1975 op it plak Tsjertov Ovrag.<ref>Dikov, N. N. , 1988 ''The Earliest Sea Mammal Hunters of Wrangell Island'' yn Arctic Anthropology, diel 25, siden 80–93 </ref> Dêr waarden ferskate stiennen en ivoaren soarten ark fûn, ûnder oaren harpoenen. [[C12 datearring]] lit sjen dat de minslike oanwêzigens rûchwei oerienkomt mei dy fan de lêste mammoeten; dat wie likernôch yn 1700 f. Kr., mar hurd bewiis fan mammoetjacht is net fûn.
 
=== Britske en Amerikaanske ekspedysjes ===