Yndo-Jeropeeske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "Yn 'e Wâlden" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "PiefPafPier".
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Rigel 50:
::It [[Aldtsjerkeslavysk]], no in [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]], is oerlevere fan 'e [[njoggende iuw]] ôf. Oare útstoarne talen binne û.m. it [[Aldnovgorodsk]], de taal fan [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] noardlik [[Ruslân]], dy't letter ferkrongen is troch it Russysk, en it [[Polabysk]], dat foarhinne yn noardeastlik [[Dútslân]] sprutsen waard. De wichtichste libbene talen binne: it [[Russysk]], [[Oekraynsk]], [[Poalsk]], [[Tsjechysk]], [[Servysk]], [[Bulgaarsk]], [[Wytrussysk]], [[Slowaaksk]], [[Kroätysk]], [[Sloveensk]], [[Masedoanysk]], [[Bosnysk]], [[Montenegrynsk]], [[Roeteensk]], [[Silezysk]], [[Sorbysk]] en [[Kasjûbysk]].
* de [[Germaanske talen]]
:De ierst oerlevere ynskripsje datearret út 'e [[twadde iuw f. Kr.]], wylst de earste oerlevere tekst de Goatyske [[Bibel]]oersetting út 'e [[fjirde iuw]] is. Njonken it no útstoarne [[Goatysk]] binne de wichtichste talen: it [[Ingelsk]], [[Dútsk]], [[Nederlânsk]], [[Sweedsk]], [[Afrikaansk]], [[Deensk]], [[Noarsk]], [[Lúksemboarchsk]], [[Yslânsk]] en [[Fêreusk]]. Oare talen binne û.m.: it [[Nederdútsk]]/[[Nedersaksysk]], [[Jiddysk]], [[Skotsk]], [[Frysk]], [[Limboarchsk]], [[Noardfrysk]], [[Sealterfrysk]], [[Skânsk]] en [[Elfdelstersk]].
* de [[Helleenske talen]]
:Fan dizze lytse taalkloft wurdt ornaris allinne it [[Gryksk]] neamd, dêr't de ierste fragminten fan oerlevere binne út 'e fjirtjinde iuw f.Kr. (yn 'e foarm fan it [[Myseensk Gryksk]]). Ek útstoarne talen út 'e Aldheid as it [[Doarysk]], [[Eoalysk]] en [[Arkado-Syprioatysk]] hearden derta. Hjoed de dei wurde njonken it Gryksk noch sprutsen: it [[Pontysk]], [[Kappadoasysk]] en [[Tsakoanysk]].
Rigel 61:
::In lytse taalkloft dy't ek wol as ûnderdiel fan 'e Iraanske talen beskôge wurdt. De wichtichste talen binne: it [[Kasjmiersk]], [[Kalasja (taal)|Kalasja]], [[Sjina (taal)|Sjina]] en [[Chowar (taal)|Chowar]].
:* de [[Iraanske talen]]
::De wichtichste útstoarne talen út dizze famylje binne it [[Avestysk]] (oerlevere fan 'e [[sânde iuw f. Kr.]] ôf), [[Aldperzysk]] (oerlevere fan 'e [[sechsde iuw f. Kr.]] ôf), [[Medysk]], [[Partysk]], [[Baktrysk]], [[Skytysk]], [[Sarmatysk]] en [[Sogdysk]]. Libbene talen binne û.m.: it [[Perzysk]] (Iraansk), [[Koerdysk]], [[Tadzjyksk]], [[Pataansk]] (de grutste taal fan [[Afganistan]]), [[Dary]] (de twadde taal fan Afganistan), [[Hazaragy]], [[Balûtsysk]] en it [[Ossetysk]] (út 'e [[Kaukasus]]).
:* de [[Yndo-Aryske talen]]
::De wichtichste taal dy't ta dizze famylje heart, is it [[Sanskryt]], oerlevere fan it iere twadde milennium f.Kr. ôf, dat om it jier [[600]] hinne útstoarn wie, mar dat yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]] nij libben ynblaasd is (yn [[2001]] wiene der wer 14.000 memmetaalsprekkers). In oare wichtige, noch wol útstoarne taal is it [[Paly (taal)|Paly]], dêr't de ierste [[boedisme|boedistyske]] hillige teksten yn skreaun binne. De wichtichste libbene Yndo-Aryske talen binne it [[Hindy]] (de nasjonale taal fan [[Yndia]]), it [[Bingaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Banglades]]), it [[Urdû]] (de nasjonale taal fan [[Pakistan]]), it [[Nepaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Nepal]]), it [[Singaleesk]] (de nasjonale taal fan [[Sry Lanka]]) en it [[Maldivysk]] (de nasjonale taal fan 'e [[Malediven]]). Grutte Yndo-Aryske talen mei in offisjele regionale status yn Yndia binne fierders it [[Pûndjaabsk]], [[Maratysk]], [[Gûdjaratysk]], [[Konkaansk]], [[Assameesk]], [[Orissaansk]] en [[Tsjattisgaarsk]]. Ek it [[Sindysk]], [[Bihareesk]], [[Radjastaansk]] en [[Surinaamsk-Hindoestaansk]] hearre ta dizze taalfamylje.
Rigel 69:
:Net alle taalkundigen binne it deroer iens dat de Italyske en Keltyske talen weromgeane op deselde oertaal, mar der besteane wol sterke oanwizings foar.
:* de [[Italyske talen]]
::Ta dizze groep hearre it [[Latyn]] en in stikmannich oare útstoarne talen dy't yn 'e [[Aldheid]] op it [[Italjaansk Skiereilân]] sprutsen waarden, lykas it [[Oskysk]] en [[Umbrysk]] en wierskynlik ek it [[Fenetysk]]. It [[Latyn]] is oerlevere fan 'e [[sechsde iuw f. Kr.]] ôf.
::* de [[Romaanske talen]]
:::De út it [[Latyn]] fuortkommen [[Romaanske talen]] hearre ek ta de Italyske talen, en foarmje feitliken de iennichste noch libbene tûke fan dy famylje. De wichtichste Romaanske talen binne: it [[Frânsk]], [[Spaansk]], [[Portegeesk]], [[Italjaansk]], [[Roemeensk]], [[Moldavysk]], [[Katalaansk]] en, histoarysk sjoen, it [[Oksitaansk]]. Oare talen binne: it [[Galisysk]], [[Franko-Provinsaalsk]], [[Astuerysk]], [[Fenesiaansk]], [[Lombardysk]], [[Piëmonteesk]], [[Liguerysk (Gallo-Italysk)|Liguerysk]], [[Emyljaansk]], [[Romanjoalsk]], [[Sardysk]], [[Leöneesk]], [[Aragoneesk]], [[Waalsk]], [[Sisyljaansk]], [[Napolitaansk]], [[Korsikaansk]], [[Aroemeensk]], [[Retoromaansk]], [[Ladynsk]], [[Friûlysk]], [[Mirandeesk]] en [[Sefardysk]]. Deade talen binne û.m. it [[Mozarabysk]], dat yn [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] [[Spanje]] sprutsen waard, en it [[Dalmatysk]] fan 'e eilannen yn 'e [[Adriatyske See]], dat yn [[1898]] útstoar.
:* de [[Keltyske talen]]
::Dizze taalgroep omfettet in útstoarne tûke fan talen as it [[Gallysk]], [[Lepontysk]], [[Keltibearysk]], [[Galatysk]] en [[Noarysk]], dy't yn 'e [[Aldheid]] op it fêstelân fan [[Jeropa]] sprutsen waarden, en in noch libbene tûke dy't yn syn fersprieding beheind is ta de [[Britske Eilannen]] en it [[Frankryk|Frânske]] skiereilân [[Bretanje]]. Dêrfan binne ek ferskate talen útstoarn, lykas it [[Kumbrysk]], út noardlik [[Ingelân]]. It [[Welsk]], [[Iersk]], [[Bretonsk]] en [[Skotsk-Gaelysk]] wurde noch altyd sprutsen, en de earder útstoarne talen [[Manksk]] (fan it eilân [[Man (eilân)|Man]]) en [[Kornysk]] (fan [[Kornwall]]) is nij libben ynblaasd. It [[Gallysk]] is yn ynskripsjes oerlevere fan 'e [[sechsde iuw f. Kr.]] ôf en it [[Aldiersk]] fan 'e [[fjirde iuw]] (nei Kristus) ôf yn ynskripsjes en fanôf 'e [[sechsde iuw]] yn teksten.
* de [[Tochaarske talen]]
:De útstoarne Tochaarske talen waarden sprutsen troch de [[Tocharen]], dy't yn it earste milennium nei Kristus yn [[Sintraal-Aazje]] wennen en dêr letter nei alle gedachten opgien binne yn 'e [[Turkske talen|Turkske]] [[folk]]en. Der wiene, ynsafier bekend twa Tochaarske [[taal|talen]] (of [[dialekt]]en), dy't troch taalkundigen [[Tochaarsk A]] (of Easttochaarsk of Toerfaansk) en [[Tochaarsk B]] (of Westtochaarsk of Kûtsjeaansk) neamd wurde. In kloft [[lienwurd]]en yn Yndyske talen wurdt wol klassifisearre as [[Tochaarsk C]]. De [[Tochaarske talen]] binne oerlevere fan 'e [[sânde iuw]] ôf en binne nei alle gedachten yn 'e [[tsiende iuw]] útstoarn.