York (Ingelân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Pierlala (oerlis | bydragen)
Kr.
Rigel 32:
 
== Skiednis yn it koart ==
De stêd waard stifte troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] yn 71 nei Kr.. Sy neamden it [[Eboracum]], faaks ôflaat fan in namme dy't brûkt waard troch de [[Britten|Britske stammen]] út dy kriten. De Romeinen makken York ta de haadstêd fan de provinsje ''Britannia Inferior''. Keizer [[Lusius Septimius Severus|Septimius Severus]] is dêr stoarn yn [[211]]; 95 jier letter stoar keizer [[Konstantius Klorus]] yn Eburacum, de heit fan [[Konstantyn de Grutte]].
 
De Romeinske ''colonia'' en it fort leinen heech, mar yn [[400]] rekke de leger lizzende stêd sels ûnderstrûpt troch de rivieren Ouse en Foss en waard doe ferlitten. Yn de iere [[5e iuw]] setten de [[Angelen]] har dêr nei wenjen. Begraafplakken út dy tiid tsjûgje dêrfan. Sy neamden de stêd ''Eoforwic''. Yn de [[7e iuw]], ûnder [[Edwin fan Northumbria|Kening Edwin]], waarden de eardere oerstreamde dielen wer bewenne. De stêd waard de tsjerklike en letter it keninklike sintrum fan it [[Northumbria|Keninkryk Northumbria]]. De [[Wytsingen]] ferôveren de stêd yn [[866]], foar de perioade tusken 866 en de ynlivingand fan Northumbria yn it [[Keninkryk Ingelân]] yn [[954]], wurdt York troch moderne gelearden wolris oantsjut mei syn Skandinaviske nammefoarm, [[Jórvík]]. De namme "York" waard earst yn de [[13e iuw]] brûkt.