Azerbeidzjan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Kr.
Rigel 39:
Yn de rin fan de skiednis hawwe ferskate kultueren en folken hearske oer Azerbeizjan, ûnder oaren: Perzen, Griken, Romeinen, Arabieren, Turken, Mongoalen, Britten en Russen.
 
Ynearsten waard it gebiet bewenne troch Kaukasyske [[Albanezen]] en [[Skyten]] yn de [[9e iuw f.Kr.]]. Dêrnei hearsken de [[Meden]] dy't troch de [[Achaemeniden]] om [[550 f.Kr.]] ferslein waarden. Yn [[330 f.Kr.]] oerweldige [[Aleksander de Grutte]] op syn beurt de Achaemeniden. Nei it tiidrek fan de Grykske [[Seleusiden]] (dy't de gebieten fan Aleksander urven) ûntstie der in ier ûnôfhinklik keninkryk Armeenje dat fan 190 f.Kr. oant de [[8e iuw]] bestean soe, oant de [[Arabieren]] der in ein oan makken. Yn de [[11e iuw]] waarden de Seljuk Turken de oerhearskjende macht. Yn de [[13e iuw|13e]] – [[14e iuw]] hie it gebiet te krijen mei ynvaazjes troch Mongoal-Tartaren.
 
De [[Safawiden]], dy't it yn de [[16e iuw]] foar it sizzen krigen, leinen de foar it grutste part Soennityske befolking it [[sjiïsme]] op en strieden tsjin it [[Ottomaanske Ryk]]. Nei de fal fan de Safawiden yn [[1722]] ûntstienen ferskate lytse kanaten yn it gebiet dat no Azerbeidzjan neamd wurdt. Dizze kanaten wienen hieltyd mei inoar yn kriich en koenen gjin fûst meitsje tsjin de omlizzende steaten. Yn de rin fan de [[18e iuw]] kaam it hieltyd mear yn de [[Ruslân|Russyske]] ynfloedsfear te lizzen en begjin [[19e iuw]] waard it ûnderdiel fan it Russyske ryk fan de tsaren.