Perzyske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Kr.
Rigel 5:
Om [[559 f.Kr.]] ferienige Syrus de Grutte de yn dy tiid ferdielde keninkriken fan de [[Perzen]] en [[Meden]]. Hy makke in ein oan it wichtige Middenryk dat troch syn pake [[Astyages]] regearre waard. Sius neamde himsels [[shah]] en gong fierder my syn oermasterings. Hy oermastere [[Lydyë]] yn [[Lyts-Aazje]] en brocht syn manlju nei Sintraal-Aazje. De âlde stêd [[Babylon]] foel yn syn hannen en dêrtroch neamde se him in oermasterder fan goede wil. Hy stelde in ferneamd [[hânfest]] op dêr't er yn taseit om Babylon net te terrorisearjen of har ynstellings en kultuer te ferneatigjen.
 
De soan fan Sirus, [[Kambyses II]], foege troch oermasterings [[Alde Egypte|Egypte]] ta oan it Perzyske ryk. It Ryk soe har grutste útwreiding berikke ûnder [[Darius I]]. Dy liede syn legers de fallei fan de rivier de [[Indus (rivier)|Indus]] yn en nei Jeropa ta. Yn [[Grikelân]] waard syn ynvaasje hoholden nei't er de ferneamde [[Slach by Marathon]] ferlear. In soan fan Darius, [[Kserkses I|Kserkses]] soe it letter op 'e nij besykje, mar ferlear allyksa tsjin de Griken, yn de [[Slach by Salamis]] yn [[480 f.Kr.]].
 
Doedestiids wie it Perzyske ryk fan Agaemeniden it grutste en krêftichste ymperium oant dan ta. Wat foaral wichtich wie, it ryk waard goed laat en wie tûk organisearre. Under Darius waard it keninkryk yn om-ende-by tweintich provinsjes ferdield dat fan ''[[satraap|satrapen]]'' (gûverneurs) late waard. Hy sette in belestingsysteem op, yntrodusearre it postsysteem fan de Assyrjers dat er fierder útwreide en liet wegen oanlizze dat benammen de hannel fertuten die. Ek naam er fan it [[Assyryske ryk]] it gebrûk oer fan [[geheim agint|geheime aginten]], de "Eagen en Earen fan de Kening", dy't him ynljochtings joegen oer de stân fan saken yn it ryk. De Perzen lieten de lokale kultueren gewurde en dat die it ymperium fertuten, meidat de oermastere folken gjin ferlet hienen fan in opstân.