Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Kr.
Rigel 9:
== De earste hearskers ==
=== De Sjang ===
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr]] oant [[1046 f.Kr.]]. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere [[Sineeske skrift]].
 
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch de keningen waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht waard útoefene nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.
Rigel 18:
De iere oarde fan de Tsjow hat oant [[771 f.Kr.]] doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsoanwaaks en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as [[Konfusius]] en [[Tao]].
 
De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina. De lêste kening regearre oant en mei [[256 f.Kr.]].
 
== It tiidrek fan de keizerriken ==