Peking: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
f.Kr./n.Kr.
Pierlala (oerlis | bydragen)
Kr.
Rigel 36:
 
== Skiednis ==
De âldste resten binne fan de 1e iuw f.Kr.. Doe stifte it Keninkryk fan Yan (燕) har haadsted, dêr't no Peking leit. Hja neamden it Ji (蓟). Neidat it Keninkryk fan Yan ferwoastige wie, waard de stêd lytser, alhoewol't it noch hieltyd in plak fan belang wie.
 
Peking waard hieltyd wichtiger yn 'e 10e iuw, doe't de Jin Dynasty har haadsted dêr fêstige. Dy stêd waard ferwoastige troch de [[Mongoalen]] yn [[1215]]. Yn [[1267]] bouden de Mongoalen in nije stêd krekt boppe de Jin haadsted, se neamden it "Grutte Haadsted" (大都), en dat wie de basis fan Peking sa as it hjoed derhinne leit. Doe't Kublai Khan, de Mongoalyske monarch, de Yuan Dynasty stifte, keas er de stêd as syn haadsted.