Darius III: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 mai 2007 om 18.59

Darius III (ek wol Codomannus neamd), wie de lêste kening fan it Perzyske Ryk út de dynastie fan de Achaemeniden. Hy hearste fan 336 f. Kr. oant 330 f. Kr. en syn hiele regear stie sawat allinnich yn it teken fan de striid tsjin Aleksander de Grutte.

Skiednis

Darius waard berne yn de wichtige famylje fan de Achaemeniden. Hy wie in efterlytsbern fan de earder kening Darius II. Yn 336 f. Kr. kaam hy troch tadwaan fan Bagoas, in sear ynfloedryk persoan op de troan set. Mei deselde Bagoas krige hy it foart oan de stok, doe't hy syn eigen koers fare woe. Der ûntstie in striid om de macht dy't troch Darius wûn waard.

Yn 334 f. Kr. rekke it Perzyske ryk yn oarloch mei de Griken doe't Aleksander de Grutte mei in leger fan om-ende-by 35.000 man oer de Hellespont Persje ynloek. Neffens it Perzyske leger wie it mar in lyts leger en Darius wie fan betinken dat syn leger gjin partij soe hawwe oan de Griken. Lykwolks waard elts treffe wûn troch de Griken en de hiele kust fan Turkije kaam yn harren besit. Om in ein te meitsjen oan de Grykse driiging brocht Darius in geweldich leger tegearre en loek op tsjin Aleksander. Hy wachte Alexander op by Gaugamela oan de Tigris. Sa gau as de Griken harren op de Perzyske massa stoarten, ferlear Darius lykwols syn selsbehearsking en flechte fuort, wylst syn leger sûnder oanfierder folslein út inoar slein waard. Tsjin de ferhaldings yn waard de slach troch de Griken wûn.

Nei de slach sette de Griken de jacht yn op Darius dy't no yn in hopelease situaasje belanne wie. Troch ien fan syn eigen tsjinners waard er yn 330 f. Kr. fermoarre, wermei in ein kaam oan de dynastie fan de Achaemeniden, dy't sûnt de 7e ieu f. Kr. it Perzyske ryk regeare hienen.