Ferskil tusken ferzjes fan "Sûmearje"

Gjin feroaring yn grutte ,  5 jier lyn
f.Kr.
(Kr.)
(f.Kr.)
 
== Befolking ==
It gebiet fan Sûmearje waard foar it earst befolke (foar 4000 f. Kr.) troch in folk dat de [[archeology|archeologen]] de ''[[Ubaidjers]]'' of ''Obeidjers'' neame, nei it doarp [[Obeid|al-Ubaid]] wêrfan't resten fûn binne. Dat folk lei sompen drûch en soarge foar yrrigaasje, sadat lânbou mooglik waard. Ek hannelen se al en waarden potten bakt en learloaid.
 
De Sûmearjers lutsen likernôch rûn 3500 f.Kr. it gebiet yn. Harren foarskiednis is net dúdlik. Guon tinke dat se út [[Anatoalje]] komme, mar se kinne likegoed út de [[Yndusfallei]] wei kaam wêze en troch [[Iran]] yn it gebied komd wêze.
Sy sprutsen [[Sûmearysk]], in aggluynearjende taal. Der binne oanwizingen dat der foarhinne in oare taal sprutsen waard dy’t proto- Eufratysk neamd wurdt. Der is net folle mear oer fan dy [[taal]]. In tal plaknammen en lienwurden hawwe de Sûmearjers oernaam en net mear. Opfallend is wol dat de lienwurden faak net mear as ien lettergreep hawwe. It Sûmearysk hinget bot nei it [[nonsyllanisme]] oer, krekt as it moderne [[Sineesk]].
 
Streamopwerts yn [[Akkad (gebiet)|Akkad]] spruts de befolking in [[Semityske talen|Symityske taal]]. Fan 5000 f. Kr. ôf moat der al sprake west ha fan in organisearre maatskippij.
 
== Kultuer en polityk ==
=== Skrift en keunst ===
Om 3500-3000 f. Kr. ûntstie de âldste foarm fan it “skrift”. Ut in [[piktografysk skrift]] ûntwikkele him letter it [[spikerskrift]]. Yn de archeologyske laach 4 fan [[Uruk]] waarden klaaitabletten fûn mei in skrift dat in ûntwikkeling nei it spikerskrift toant. It spikerskrift bleau yn gebrûk oant de [[Hellenisme|hellenistyske]] perioade en waard dêrnei yn [[Mesopotaamje]] stadichoan ferfong troch it ienfâldiger [[Arameesk|Arameenske]] skrift.
 
Der binne fragminten fan talrike eksimplaren fan it [[Gilgamesjepos]] fûn. Sawol yn it [[Sûmearysk]] as yn it [[Akkadysk]]. Sadwaande wie it mooglik it hiele ferhaal te rekonstruearjen. It lêste spikerskrifttablet datearret út [[74]] n.Kr.
17.653

bewurkings