Ferskil tusken ferzjes fan "Skiednis fan Sina"

f.Kr.
(Kr.)
(f.Kr.)
== De earste hearskers ==
=== De Sjang ===
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr.]] oant [[1046 f.Kr.]] De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere [[Sineeske skrift]].
 
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch de keningen waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht waard útoefene nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.
17.651

bewurkings