Johan Burgers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
No edit summary
Rigel 22:
 
==Libben en karriêre==
[[File:Burgers Zoo Johan Burgers.jpg|thumb]]
Burgers waard yn [[1870]] berne yn [['s-Heerenberg]], yn 'e [[Achterhoeke]], dêr't er yn [[1895]], nei syn [[houlik]] mei in Maria Erwig, in [[boerepleats]] sette liet. Yn 'e [[tún]] hold er [[fazant]]en, mar fanwegen syn almar tanimmend bistebeslach waard dy tún dêr al rillegau te lyts foar. Yn [[1913]] kocht Burgers in grutter stik grûn oan, dat er ''Buitenlust'' neamde, om syn fazanten de romte te jaan dêr't se ferlet fan hiene. Neitiid begûn er ek [[eksoat]]yske bisten oan te skaffen, lykas [[liuw]]en en [[bear]]en. Dizze [[leafhawwerij]] finansierde er troch tsjin betelling besikers rûn te lieden.