Lech Wałęsa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
→‎Jonkheid en oplieding: healwiis, sjoch http://www.wiadomosci24.pl/artykul/lech_walesa_potomkiem_szkockiego_bohatera_narodowego_williama_wallacea_135172.html
Rigel 27:
==Libben en karriêre==
===Jonkheid en oplieding===
Wałęsa waard yn [[1943]], ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]], berne yn [[Popowo (Tłuchowo)|Popowo]], yn sintraal [[Poalen]], yn in famylje dy't oarspronklik fan [[etnyske groep|etnysk]] [[Skotten|Skotsk]] komôf wie ('Wałęsa' is in ferbastering fan '[[Klan Wallace|Wallace]]'). Syn heit, Bolesław Wałęsa, wie in [[timmerman]] dy't in pear moanne foar de berte fan syn soan oppakt waard troch de [[Dútslân|Dútske]] [[Nazy|besetters]] en twa jier trochbrocht yn it [[konsintraasjekamp]] te [[Młyniec]]. Nei ôfrin fan 'e oarloch kearde er werom nei hûs, mar beswiek twa moannen letter yn 'e âlderdom fan 34 jier oan útputting en sykte. Wałęsa syn mem, Feliksa Kamienska, brocht har soan neitiid allinnich grut.
 
Wałęsa gie nei de [[legere skoalle]] yn [[Chalin]] en folge dêrnei in oplieding ta [[elektrisiên]] oan 'e [[ambachtsskoalle]] yn [[Lipno (Poalen)|Lipno]], dy't er yn [[1961]] mei goed gefolch ôfrûne. Neitiid wurke er fjouwer jier lang as in [[auto]]monteur, wêrnei't er fan [[1965]] oant [[1967]] syn twajierrige [[tsjinstplicht]] ferfolle. Dêrby brocht er it ta de rang fan [[korporaal]]. Nei't er út tsjinst kommen wie, fûn er op [[12 july]] [[1967]] wurk as elektrisiên op 'e [[Lenin Skipswerf]] yn 'e wichtige havenstêd [[Gdańsk]] (no de Gdańsk Skipswerf).