Ferskil tusken ferzjes fan "Búk"

26 bytes grutter ,  4 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(Lokkich wurde boarsten net beskerme troch in bonkekoai!)
De '''búk''' of '''bûk''', by [[bist]]en yn 'e regel '''bealch''' neamd ([[Latyn]]: ''abdomen''), is by [[rêchstringdieren]] (wêrûnder de [[minske]]) in holte (de búkholte), wêryn't in stikmannich [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] lizze dy't benammentlik de [[spiisfertarring]], de dêrmei mank geande ôffier fan ôffalstoffen en fierders de [[fuortplanting]] beävensearje.
 
Fan organen dy't har yn 'e búkholte befine, lykas de [[mage]], de [[lever (orgaan)|lever]], de [[milt]] en it grutste part fan 'e [[term (orgaan)|term]]s (útsein it [[duodenum]]), seit men yn it medysk jargon dat se [[yntraperitoneaal]] lizze, nei it [[búkflues]] of ''peritoneum'', dat de búkholte oan 'e binnenkant en de búkorganen oan 'e bûtenkant bedekt. Organen dy't net yn 'e eigentlike búkholte lizze mar dertsjinoan, lykas de [[nier]]en en de [[alfleisklier]], wurde [[ekstraperitoneaal]] neamd (en binne almeast [[retroperitoneaal]]). In orgaan as de [[limoer]] is in bytsje in grinsgefal.
 
De búkholte is fan 'e [[boarstholte]], dêr't it [[hert]] en de [[long]]en lizze, ôfskaat troch it [[mulruft]] of middelruft ([[Nederlânsk]]: ''middenrif''; [[Latyn]]: ''diafragma''). Dat is in [[spier]] mei de foarm fan in tinne koepelfoarmige plaat, dy't by gearlûking de boarstholte fergruttet yn it neidiel fan 'e búkholte, sadat de longen har folsûge kinne mei lucht. Om't it yngewant fan 'e búkholte mar kwealk fierder gear te drukken falt, puollet troch de wurking fan it mulruft de [[búkwand]] nei bûten ta út.
82.461

bewurkings