Grutte Heitelânske Kriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
sa earst mar
Pierlala (oerlis | bydragen)
U->Oekra
Rigel 5:
 
==Begjin==
De kriich begûn foar de Russen yn de iere moarn flak foar sinne-opkommen op [[22 juny]] [[1941]], doe't Dútslân, nettsjinsteande it net-oanfalsferdrach, de Sowjet-Uny yn foel mei trije grutte legergroepen. De Dútske oanfal wie fûl en mei rom 3 miljoen manskippen feroveren hja de tsjintwurdige steaten [[Moldaavje]], [[UkraïneOekraïne]], [[Wyt-Ruslân]], [[Letlân]], [[Litouwen]], [[Estlân]] en in diel fan de [[Kaukasus]].
It Sowjetleger telde ek 3 miljoen manskippen oan de westgrins, mar wie net klear foar de oanfal en mocht boppedat fan [[Stalin]] gjin aksje ûndernimme, om't dy oant op it lêste momint besocht Hitler te net provosearjen. Yn de earste 3 wiken kamen 2 miljoen soldaten om. Mar it leger kaam der al fluch boppe-op: doe't Stalin fernaam dat [[Japan]] [[Singapore]] ynfoel en dus net de Sowjet-Uny oanfalle soe, koe er in soad goed treende troepen út [[Sibearje]] helje.