Ynterslavysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{Taaltabel| namme = Ynterslavysk | ôfbyld = Flag Slovjanskogo Jazika.svg | Ingelske namme = Interslavic | eigen namme = Lat.: Medžuslovjanski<br />Sirillyske...
 
Ofbyld
Rigel 21:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Križanić - Gramatično izkazanje ob ruskom jeziku.png|thumb|left|«Gramatíčno izkazânje ob Rúskom jezíku» fan Juraj Križanić]]
Mei in skiednis fan mear as 350 jier is it Ynterslavysk de âldste ynternasjonale helptaal, folle âlder as bygelyks it [[Esperanto]] en it [[Folapúk]]. De earste grammatika fan't Ynterslavysk waard yn de jierren 1659-1666 skreaun troch de Kroätyske preester [[Juraj Križanić]] (±1618-1683) ûnder de titel ''GramatičnoGramatíčno izkazânje ob Rúskom jezíku'' ("Grammatikaal oersjoch fan it Russysk").<ref>Nettsjinsteande de namme ''Ruski'' ("Russysk") wie dizze taal yn wurklikheid in mingfoarm fan't [[Russysk]], it [[Tsjerkeslavysk]], it Ikavyske dialekt fan't [[Kroätysk]] en it [[Poalsk]]. Križanić brûkte dy namme om de tsaar te behagen.</ref> Ek neitiid, fral yn de [[19e ieu]], hawwe ferskate auteurs, lykas Jan Herkeľ, Božidar Raič en Matija Majar-Ziljski, boeken en artikels oer it Ynterslavysk publisearre. Harren foarstellen wiene almeast basearre op 't [[Tsjerkeslavysk]], dat wilens fierste argaysk wie om foar aldendeiske kommunikaasje brûkber te wêze.
 
Oant de [[20e ieu]] wie de taal nau ferbûn mei it [[pan-Slavisme]], de filosofy dat alle Slaven ta ien en deselde grutte naasje hearre en dêrnei ek it stribjen nei in mienskiplike Slavyske steat. Nei de [[Earste Wrâldkriich]] kaam de klam mear te lizzen op it befoarderjen fan de ynternasjonale kommunikaasje tusken Slaven ûnderinoar troch de wei fan in "Slavysk Esperanto", wat resultearre yn ferskate sterk ferienfâldige ûntwerpen.