Keunsttaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
In '''keunsttaal''' is in [[taal]] dy't útfûn is om oan in beskaat ferlet te foldwaan. Sa binne ferskate keunsttalen gearstald om te tsjinjen as medium foar ynternasjonale kommunikaasje, om sa it probleem fan 'e spraakbetizing op te lossen. Sokke keunsttalen wurde gauris oantsjut as "universele talen" of "helptalen". Dêrby moat oantekene wurde dat soks net bjuster súksesfol west hat. In foarbyld fan sa'n soarte keunsttaal is yn it foarste plak it [[Esperanto]], dat yn [[1887]] troch de [[Poalen|Poalsk]]-[[Joaden|Joadske]] [[taalkundige]] [[Ludwik Lejzer Zamenhof]] skepen waard. Tsjintwurdich sprekke wrâldwiid mear as 2 miljoen minsken floeiend Esperanto, en dêrmei is dy taal fierwei it súksesfolst fan alle keunsttalen. Soartgelikense talen binne it [[Ynterlingua]] (1.500 brûkers); it [[Ido (taal)|Ido]] (100-200 brûkers); it [[Volapük]] (20 brûkers); en it [[Novial]]. In foarbyld fan in helptaal dy't net as wrâldtaal ornearre is, is it [[Ynterslavysk]], in saneamde zonale keunsttaal, d.w.s. in taal foar kommunikaasje tusken sprekkers fan ien [[taalfamylje]].
 
Fierders binne guon keunsttalen ek yn it libben roppen om [[kompjûter]]s mei te programmearjen (bgl. [[BASIC]]), om mei [[robot]]s te kommunisearjen, of om minsken mei learswierrichheden te helpen (bgl. [[blissymbolics]]). Dêrnjonken binne beskate keunsttalen betocht en útwurke by wize fan it jaan fan eftergrûn oan wurken fan [[literatuer]], [[film]] en [[tillefyzje]]. Dêrby moat men tinke oan it [[Quenya]], de taal fan 'e [[elf (mytysk wêzen)|elven]] yn [[J.R.R. Tolkien]] syn ''[[The Lord of the Rings]]'', of oan it [[Klingon (taal)|Klingon]], in taal fan bûtenierdske wêzens út 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] tillefyzjerige ''[[Star Trek]]'', dy't útwurke waard troch de [[taalkundige]] [[Marc Okrand]].