Absalom: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 9:
 
== Absalom rebelearret ==
Absalom brûkt syn tiid yn Jeruzalim om yn de geunst te kommen by it folk om David skielk fan de troan te stjitten. Sa hâld Absalom minsken oan dy't ûnderweis nei de kening binne om rjochtspraak. Absalom warskôget harren dan dat der by de kening net ien is dy't nei harren klachten harkje sil en hâldt harren foar hoe goed hy it wol net dwaan soe as rjochter fan it lân. Nei't Absalom him fersekere hie fan genôch stipe ûnder de Israeliten, gyng Absalom nei Hebron om fan dêr út de opstân te organisearjen. As it ôfsprutsen sein jûn wurdt ta de opstân, wurdt David twongen om Jeruzalim te ferlitten. Hy lit de Arkyt Chûsai bliuwe om as spion yn Absalom's kringen te ynfiltrearjen. [[Achitofel]], ien vanfan David's advizeurs dy't oerrûn wie nei Absalom, moedige Absalom oan om David noch tidens syn flecht oan te fallen, mar Chûsai wist Absalom der fan te oertsjûgjen om mear tiid te nimmen foar it formearjen fan in grutter leger. Dit joech David de tiid om syn troepen ta te rieden foar de kommende striid mei Absalom.
 
== De dea fan Absalom ==