Dom fan Lübeck: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Lübeck Dom-von-Westen 070311.jpg|thumb|300px|De domtsjerke fanút it westen]]
De '''Lübecker Dom''' (''Domtsjerke fan Lübeck'') wie de earste grutte bakstiennen tsjerke dy't boud waard oan de [[Eastsee]] en heart mei in lingte fan 130 meter ta de langste bakstiennen tsjerken. Yn it jier 1247 waard de tsjerke ta [[katedraal]] wijd. Krekt as de domtsjerke fan [[Breunswyk|Braunschweig]] draacht de dom fan Lübeck it [[Patroanhillige|patrocinium]] fan de hilligen [[Jehannes de Doper]] en [[Blasius fan Sebaste|Blasius]]. Dêrnjonken binne ek [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en [[Nikolaas fan Myra|Nikolaas]] patroanhilligen vanfan de tsjerke .
 
== Skiednis ==
Rigel 27:
* De renêssânse-kânsel waard yn 1586 troch dûmny Dionysius Schünemann skonken en is in Flaamsk wurk. De foet fan de kânsel is in byld fan [[Moazes]] en de kûp is mei reliëfs dekorearre mei foarstellings út it libben fan Kristus. It klankboerd mei in byld fan de opstiene Hear stamt út 1570. De trep waard yn 1731 yn let-barokke styl fernijd. It smij-izeren hek waard yn 1572 troch in bruorskip skonken.
* It doksaal draacht oan de súdlike kant in grut oerwurk út 1628 en is fersierd mei de bylden fan de patroanhilligen. It housnijwurk oan it doksaal is ôfkomstich fan Bernt Notke.
* Sûnt de Twadde Wrâldkriich befynt it ferneamde alter fan Hans Memling út de ''Greveraden-Kapelle'' yn it noardlike sydskip yn de samling fan it St.-Annenmuseum. Fan de yn 1920 noch sân bewarre retabels fan foar de reformaasje, binne no noch fiif oanwêzich yn de dom. Hjirûnder it fleugelalter ''Marien mit der Einhornjagd'' (Marije mei de Ienhoarn) út 1506; it ''Laienaltar'' (lekenalter) út 1477 fan Bernt Notke; it ''Heiligen-Leichnamsaltar'' (Alter vanfan it Hillige Lichem) út 1460; it ''Altar der Maria-Magdalene'' (Maria-Magdalena-alter) út 1420 en it ''Altar der kanonischen Tageszeiten'' út it begjin fan de 16e iuw.
* Njonken in grut tal portretten binne der twa grutte skilderijen, dy't beide út de 17e iuw datearje. Ien toant de hillige Kristoffel (1665) en hinget boppe it portaal fan it noardlike sydskip nei de foarhal. It oare, de Jammerklacht fan Kristus oan de ûntankbere wrâld", wurdt op it ein fan de 17e iuw datearre.
* Alle ramen waarden yn 1942 ferneatige en yn de finsters waarden nei de kriich foar de haadsaak ienfâldige glês-yn-leadramen pleatst.