Frânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav./korr.
No edit summary
Rigel 19:
It Frânsk ('''français''') is tredde op 'e list fan oantal sprekkers op'e [[Romaanske talen|Romaanske]] taallist, nei it [[Spaansk]] en [[Portegeesk]], wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar 120 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it [[Latyn]], mar der binne ek in soad [[Aldgrykske]] lienwurden yn 'e taal. Histoarysk sjoen hat it Frânsk trije foarmen hân: it [[Aldfrânsk]], it [[Midfrânsk]] en it [[Nijfrânsk]].
 
== Taalgebiet ==
It Frânsk is yn 30 lannen op'e ierde in offisjele [[taal]].
[[Ofbyld:Distribution map of the French language in Europe.png|thumb|left|Taalkaart Frânsk yn Europa.]]
=== Frânsk yn Europa ===
Fierwei de measte memmetaalsprekkers fan it Frânsk wenje yn [[Frankryk]]. Yn grutte dielen fan [[Belgje]], [[Lúksemboarch]], [[Switserlân]] en yn it uterste noardwesten fan [[Itaalje]] wurdt de taal troch memmetaalsprekkers sprutsen. De stedsteat [[Monako]] is folslein Frânsktalich.
 
Neffens in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de [[Europeeske Kommisje]], wurdt it Frânsk troch 12% fan de ynwenners fan de [[Europeeske Uny]] as memmetaal praat (2012). It Frânsk is dêrmei nei it Dútsk (16%), Ingelsk (13%) en Italjaansk (13%) de fjirdgrutste Europeeske taal.<ref>[[Europeeske Kommisje]] (Special Eurobarometer 386): [http://ec.europa.eu/public_opinion/archives/ebs/ebs_386_en.pdf Europeans and their Languages] (sjoen op 29 augustus 2016)</ref>
It Frânsk is ek in offisjele of diplomatyke taal yn ferskeidene mienskippen en ynternasjonale organisaasjes (bg. de [[Jeropeeske Uny]], Ynternasjonnale Olimpyske Kommisje, Wrâld hannel organisaasje, [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje]], FINA ,FIA, UCI, FIFA, wrâld anty-doping agentskip, [[Feriene Naasjes]], Afrikaanske Uny, ynternasjonale gerjocht fan Justysje, IHO, ynternasjonale sikritariaat foar wetter, Ynternasjonale Polityke Wittenskip Ferbân, Ynternasjonale Ferbân fan gewicht en matematyk, Jeropeeske útstjoerings Uny, ESA, Unyversele Post Uny, Ynterpol ensfh.) en yn'e seis offisjele talen fan'e Feriene Naasjes en syn agentskippen. Wylst de wichtigens fan'e Frânske taal efterút rint, troch it plak fan it [[Ingelsk]] yn'e lêste trije iuwen fersterke is, hat it Frânsk as diplomatyke taal noch hieltyd in hege status.
 
Mei it Ingelsk en Dútsk is Frânsk ien fan de wichtichste amts- en wurktalen fan de [[Europeeske Uny]]. Dat leit ûnder oaren oan de posysje fan Frankryk as oprjochtingslid en oan de sprieding fan de [[Ynstellings fan de Jeropeeske Uny|ynstituten fan de Europeeske Uny]] yn Frânsktalige stêden lykas [[Brussel]], [[Straasburch|Straasboarch]] en [[Lúksemboarch]]. Lykwols is it Ingelsk as wurktaal fanselssprekkender wurden as wurktaal. Dêrtroch wurde der hieltyd minder dokuminten direkt yn it Frânsk fêstlein.<ref>France Diplomatie: [http://www.diplomatie.gouv.fr/en/french-foreign-policy/european-union/france-and-the-european-union/article/the-french-language-in-european The French language in European institutions] (sjoen op 29 augustus 2016)</ref>
 
=== Frânsk bûten Europa ===
Bûten Europa wenje yn de Kanadeeske provinsje [[Kebek (provinsje)|Kebek]] in soad memmetaalsprekkers. Sa'n 6 miljoen minsken, sa'n 80% fan de ynwenners, hawwe it Frânsk as memmetaal. Yn de provinsjes [[Ontario]], [[Alberta]], [[Manitoba]], [[Nij-Breunswyk]] en [[Nij-Skotlân]] wenje noch mear Frânsketalige minderheden. Dêrtroch hat sa'n dik 20% fan de Kanadeeske befolking it Frânsk as memmetaal. Yn de [[Feriene Steaten]] wenje Frânsktalige minderheden yn [[Louisiana]] en [[Maine]], mei-inoar inkelde tsientûzenen memmetaalsprekkers.
[[Ofbyld:Francophone Africa.svg|thumb|It Frânsk as ferkears- en hannelstaal yn Afrika.]]
Yn Afrika hat it Frânsk noch hieltyd in belangrike status as ferkears- en hannelstaal. Yn in protte Afrikaanske lannen is it Frânsk de offisjele amtstaal en spilet in belangrike rol yn bygelyks bestjoer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sa hat de [[Demokratyske Republyk Kongo]] wol mear as 200 talen, 4 ynterregionale talen en it Frânsk as neutrale amtstaal dy't ek yn it ûnderwiis brûkt wurdt. Yn fierwei de measte Frânstalige lannen yn Afrika is it Frânsk dus de twadde of tredde taal. Der binne stêden lykas [[Abidjan]] ([[Ivoarkust]]) en [[Libreville]] ([[Gabon]]) dêr't it Frânsk troch in mearderheid fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt.
 
Yn de ferskillende oerseeske gebieten dy't Frankryk hjoed de dei hat, is it Frânsk de iennichste amtstaal.
 
=== Ynternasjonale amts- en wurktaal ===
It Frânsk is in amts- of wurktaal by ferskate ynternasjonale organisaasjes (bgl. de [[Europeeske Uny]], Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Wrâld Hannel Organisaasje, [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje]], FIFA, [[Afrikaanske Uny]], ESA, Ynterpol ensfh.) en it is ien fan de seis offisjele talen fan de [[Feriene Naasjes]] en syn organisaasjes.
 
== Sjoch ek ==
Line 27 ⟶ 43:
 
== Keppeling om utens ==
{{commonscatcommonsLyts|French language}}
* [http://www.dicovia.com/dico/francais-frison/lettre-C/0-59 Frânsk-Frysk] {{noat|Frânsk}}
 
{{YnterWiky|code=fr}}
{{boarnen|boarnefernijing=
{{commonscat|French language}}
<references/>
}}
 
[[Kategory:Frânsk| ]]