Brittanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 18:
Yn [[383]] waard generaal [[Magnus Maksimus]] troch it leger yn Brittanje as keizer útroppen. Maksimus wie mei [[Theodosius de âldere]] yn Brittanje op fjildtocht west, en hie sels in oantal oerwinnings helle. Hy stiek mei in grut diel fan syn troepen oer nei [[Galje]] om syn machtsgebiet ut ta wreidzjen. Nei it fertrek fan in grut diel fan de troepen waard Brittanje opnei oanfallen, mar yn [[388]] nei Maksimus syn dea waard de rust opnei wersteld. Pas yn [[398]] folgde der wer in grutte oanfal fan de Pikten.
 
==It ein Fanfan de RomeinsKeRomeinske hearkippij==
Yn [[402]] waard troch [[Stilicho]] in grut part fan de troepenmacht ut Brittanje helle om't earne oars yn it ryk te wurden ynset. Germaanske folken as de [[Alanen]], [[Fandalen]] en [[Sueben]] makke tankbear gebrûk fan de situaasje en foelen Galje yn. De yn Britanje oerbleaune legerûnderdielen kaamen derby yn opstân. Ut har midden waard efterienfolgens ta keizer utroppen [[Marcus]], [[Gratianus (Britannia)|Gratianus]] en [[Konstantyn III|Konstantyn]]. De earste twa bleaune mar koart oan it bewind, mar yn [[407]] ûnder Konstantyn stiek sawat it hiele Romeinske leger it Kanaal oer nei Galje. Konstantyn waard nei in oantal jieren fan in protte striid (tjin ynfallers, tjin keizer [[Honorius]] en tjin oare opstânnelings en troanpretendenten) uteinlik yn [[411]] ferslein en deadzje. Yn [[409]] befûnnen der yn Brittanje net langer Romeinske soldaten en der soenen ek gjin troepen mear nei tastjoerd wurden.