Nancy Reagan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + stikje oer ferstjerren
L red
Rigel 32:
 
=== Aktearkarriêre ===
Davis har earste opnommen rol spile se yn [[1940]], as frijwillichster foar de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming, yn in reklamefilmke foar in ynsammelingsaksje foar de striid tsjin [[polio]]. Nei't se har stúdzje oan it ''Smith College'' ôfrûne hie, wurke se earst as [[winkelbetsjinde]] yn in [[warehûs]] yn Chicago, en teffens as [[ferpleechster|helpferpleechster]]. Troch har memme konneksjes yn 'e aktearwrâld wist se letter mei súkses har eigen aktearkarriêre op poaten te setten, begjinnende yn [[1945]] mei in roltsje yn it [[toanielstik]] ''Ramshackle Inn''. Yn [[1946]] stie se op [[Broadway]], yn 'e [[musikal]] ''Lute Song'', mei û.m. in noch ûnbekende [[Yul Brynner]]. Nei't se audysje dien hie, krige se yn [[1949]] in sânjierrich kontrakt oanbean troch de grutte [[Hollywood]]-studio ''[[MGM Studios|Metro Goldwyn Mayer]]'', wêrfoar't se ferfear nei [[Kalifornje]].
 
Fan [[1949]] oant ein fyftiger jierren spile Davis yn alve Hollywood-[[film]]s, ornaris yn stereotype rollen lykas de "trouwe húsfrou", de "ferantwurdlike jonge mem" of de "kalme frou". Se sette útein mei lytse roltsjes yn ''[[The Doctor and the Girl]]'' en ''[[East Side, West Side (film út 1949)|East Side, West Side]]'' (beide út [[1949]]), spile in [[psychiater|bernepsychiater]] yn 'e ''[[film noir]]'' ''[[Shadow on the Wall (film)|Shadow on the Wall]]'' ([[1950]]), en hie har favorite rol yn ''[[Night Into Morning]]'' ([[1951]]), wêryn't se in roujende ferloofde spile dy't har ferseine ferlern wie. Davis waard lykwols fral bekend troch har rol as marineferpleechster yn har foarlêste film ''[[Hellcats of the Navy]]'' ([[1957]]), wat ek de iennichste film wie wêryn't se tegearre mei har man te sjen wie. Neitiid aktearre se noch op 'e [[tillefyzje]], yn searjes as ''[[Wagon Train]]'' en ''[[The Tall Man (telefyzjesearje)|The Tall Man]]'', oant se har aktearkarriêre yn [[1962]] beëinige. Letter sei se dat se dêr net rouwich om wie, om't se aktearjen foar har gjin ropping wie, mar mear wat dat se die om wat om hannen te hawwen.