Sascha Alexander: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
Rigel 21:
Alexander waard berne yn it Noarddútske [[Hannover]], as de âldste soan yn in gesin dat út [[etnyske groep|etnysk]] [[Dútsers|Dútske]] flechtlingen út [[Roemeenje]] bestie. Yn 'e earstoan lei er him ta op [[neakenfotografy]], en yn 'e jierren santich kaam dêr de útjefte fan [[pornoblêd|pornobledsjes]] by. Fan [[1985]] oant [[1994]] wied er fierders aktyf as [[regisseur]] fan [[pornografyske film]]s, wêrfan't er, neffens de ''Internet Adult Film Database'' (IAFD) 82 op syn namme stean hat. Teffens wied er yn deselde snuorje en ek dêrnei noch wurksum as produsint fan pornofilms.
 
Yn [[1981]] ûntdiek Alexander fia syn kollega-fotograaf [[Peter M. Filip]] de fan oarsprong [[Poalen|Poalske]] [[Teresa Orlowski]], doedestiden in [[servearster]] yn in [[bar]] yn [[Duisburch]], dy't troch syn tadwaan in pornostjer waard, earst yn blêden en letter ek op film. Yn [[1985]] trouden Alexander en Orlowski by in seremoanje yn it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Las Vegas (Nevada)|Las Vegas]]. Mids tachtiger jierren wie harren bedriuw ''[[Verlag Teresa Orlowski]]'' (VTO) frijwol synonym mei de Dútske [[porno]]yndustry. Doe't se lykwols al harren jild yn in grutskalich studiokompleks yn Hannover stieken, dat as pornostjoerder hiel [[Jeropa]] betsjinje moast, mar dêrfoar gjin tastimming fan 'e [[Jeropeeske Uny]] krigen, rekke it spul earst saaklik en letter ek op it persoanlik flak yn 'e ûnderwâl. Yn [[1989]] rûn it houlik úteinlik op 'e klippen, en skieden Alexander en Orlowski.
 
Begjin jierren njoggentich murk Alexander de doe noch ûnbekende [[Grut-Brittanje|Britske]] [[pornoaktrise]] [[Sarah Young]] op, dy't it mei syn help yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich ta de ûnomstriden keninginne fan 'e Dútske pornoyndustry brocht. Hja trouden op [[13 jannewaris]] [[1991]]. Ek mei syn eigen studio ''[[Sascha Alexander Productions]]'' en ''[[Sarah Young Communications]]'', dy't er foar syn nije frou oprjochte, hie Alexander yn 'e jierren njoggentich grut súkses. Uteinlik rûn ek syn twadde houlik lykwols op 'e non, wêrnei't it mei Alexander in stikmannich jierren minder gie. Hy besocht om syn keunstke mei [[Gina Wild]] nochris te werheljen, mar nei't er foar har it grûnwurk lein hie, makke hja karriêre by oare produsinten. Sûnt likernôch [[2000]] is Alexander wat nei de eftergrûn fan 'e Dútske pornoyndustry ferdwûn.