Sophie Dee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Werom sette fan ferzje 751842 fan Special:Contributions/Saurbhsa (Meidogger_oerlis:Saurbhsa)
L red
Rigel 19:
 
==Libben==
Sophie Dee waard berne yn it Súdwelske [[Llanelli]], mar ferfear yn har iere tinerjierren mei har heit en mem nei [[Ingelân]]. Letter ferhuze it gesin werom nei Wales, dêr't se de middelbere skoalle ôfmakke. Dêrnei hie se in ferskaat oan banen, dy't útinoar rûnen fan [[servearster]] yn in [[kafee]] oant [[kolporteur]] dy't mei keapwaar by de doarren lâns gie. Nei ferrin fan tiid naam Dee in baan oan yn in stripklub yn [[Birmingham]], dêr't se ek ''[[lapdance]]s'' joech. Troch har wurk yn dy klub krige se in oanbod om topless te posearjen yn ''[[The Daily Sport]]'', in Britsk [[bûlevaarblêd]]. Dêr hie hja sa'n súkses mei dat se oardel jier lang trochgean koe mei posearjen foar in ferskaat oan bûlevaar- en [[neakenblêd]]en.
 
Yn jannewaris [[2005]] ferfear Sophie Dee nei de [[Feriene Steaten]], dêr't se har nei wenjen sette yn [[Los Angeles]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Se liet har [[boarstfergrutting|búste fergrutsje]] fan in C-kup oant in DD-kup, en spile noch datselde jiers yn har earste [[pornografyske film]]. Sûnt hat se yn likernôch 410 pornofilms spile. Troch de jierren hinne hat se acht nominaasjes foar in ''[[AVN Award]]'' (de ''[[Oskar|Oskars]]'' fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht sleept, en yn [[2011]] wûn se twa ''[[Urban X Award]]s''. Njonken har pornokarriêre spile Dee ek yn twa ''mainstream''-[[horror]]films (allebeide ûnôfhinklike produksjes): ''Theater of Derange'' en ''Unmimely Demise''. Yn 2011 rjochte se in eigen webside op dêr't ''mainstream''-films op resinsearre wurde, ûnder de namme ''ToplessMovieReviews.com''. Datselde jiers regissearre hja har earste pornofilm: ''Sophie Dee's My Point of View'', foar de studio ''Pules Pictures''.
Rigel 109:
 
{{DEFAULTSORT:Dee, Sophie}}
[[Kategory:Britsk ober of servearster]]
[[Kategory:Britsk neakenmodel]]
[[Kategory:Britsk stripper]]
[[Kategory:Britsk pornoakteur]]
[[Kategory:Britsk pornoregisseur]]
[[Kategory:Welsk ober of servearster]]
[[Kategory:Welsk neakenmodel]]
[[Kategory:Welsk stripper]]