Robert Peary: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 18:
Tsjintwurdich wurdt algemien betwifele oft Peary de poal wol echt berikt hat. [[Frederick Cook]] sei dat hy fjouwer dagen earder de poal berikt hie. Cook koe it lykwols net bewize (en ek syn ferhaal wudt betwifele) en dêrom stiet Peary yn in soad dokuminten as de offisjele ûntdekker te boek. Op basis fan letter ûndersyk fan Peary's deiboeken wurdt syn prestaasje lykwols opnij yn twifel lutsen. Sa kin in oantal fraachtekens setten wurde by syn reis. Wêrom waard Peary op syn lêste milen nei de Noardpoal bygelyks allinnich troch minsken begelaat dy't net by steat wien om Peary syn mjittingen te befêstigjen? De like behurde en betûfte Arktisreizger Bartlett moast 248 kilometer foar de poal omkeare tsjin earder makke ôfspraken yn. It wichtichste kritykpunt spitst him lykwols ta op de ôfgryslik grutte deiske etappes dy't ôflein wêze soene. Oant dit punt waard deis 20 kilometer ôflein. De lêste ûngefear 250 kilometer waarden lykwols neffens syn deiboek yn fjouwer dagen ôflein. By de weromreis, dy't sels yn 56 uur ôflein wêze soe, moast Peary mei in slide ferfierd wurde. Sokke data binne sels ûnder de meast geunstige omstannichheden amper út te lizzen.
 
{{commonscommonsBalke|Robert Edwin Peary}}
 
{{DEFAULTSORT:Peary, Robert}}
[[Kategory:Amerikaansk ûntdekkingsreizger]]
[[Kategory:Amerikaansk militêr]]
[[Kategory:Amerikaansk admiraal]]
[[Kategory:Amerikaansk deiboekskriuwer]]