Efternamme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 21:
Yn guon kultueren (lykas de [[Spanje|Spaanske]]) en [[maatskiplike klasse]]n (lykas de [[adel]]) is of wie it wizânsje om twa efternammen te hawwen. Yn 'e [[Spaanske nammen|Spaanske nammefoarm]] nimt men de oarspronklike [[famkesnamme (efternamme)|famkesnamme]] fan 'e [[mem]] as twadde efternamme oan. De namme fan 'e [[politikus]] [[José Luis Rodríguez Zapatero]], bygelyks, falt útinoar yn 'e [[foarnamme]]n 'Juan' en 'Luis', de efternamme 'Rodríguez' (dy't er fan syn heit oernommen hat) en de twadde efternamme 'Zapatero', dat de famkesnamme fan syn mem wie. Dit gebrûk jildt net inkeld foar Spanje, mar ek foar [[Spaansk]]talich [[Súd-Amearika|Súd]]- en [[Midden-Amearika]]. Histoarysk waarden dêrby de beide efternammen skaat troch it wurd ''y'' ("en", dus 'Juan Luis Rodríguez y Zapatero'), mar dat sjocht men almar minder. De bern fan Rodríguez Zapatero sille de namme Rodríguez fan harren heit ervje, mar dêr de famkesnamme fan har eigen mem oan tafoegje.
 
By de [[Fryske adel]] kaam foarhinne eat soartgelikens foar, wêrby't men oan 'e namme fan in bern de efternamme fan in besibbe aadlik [[laach (famylje)|laach]] as in soarte fan [[middelnamme]] tafoege, lykas yn it gefal fan [[jhr.]] [[T.A.M.A. van Humalda van Eysinga]], wêrby't 'Van Eysinga' de wiere efternamme is. Ek komt it foar dat twa efternammen mei-inoar ferraand binne. Men sprekt dan fan in '''gearstalde efternamme'''. Dêrby kinne de beide efternammen mei-inoar ferbûn wurde troch in [[keppelstreekje]], lykas by de [[IngelânSkotlân|IngelskeSkotske]] [[amtnerútfiner]] [[ArthurJohn Algernon DorrienShepherd-SmithBarron]] of de [[Switserlân|Switserske]] [[politika]] [[Eveline Widmer-Schlumpf]], of los faninoar stean bliuwe, lykas by de [[Nederlân]]ske [[akteur]] [[Coen van Vrijberghe de Coningh]], de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[premier]] [[David Lloyd George]] of de Ingelske aktrise [[Helena Bonham Carter]]. Sawol 'Dorrien-Smith' as 'Van Vrijberghe de Coningh' foarmet ien fêste efternamme, hoewol't 'Dorrien' en 'Smith', resp. 'Van Vrijberghe' en 'De Coningh' fan oarsprong selsstannige efternammen west hawwe.
 
===Hielendal gjin efternamme===