Twadde Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 9:
 
== Oanfal oer lân fia de Alpen ==
[[Ofbyld:HannibalTheCarthaginian.jpg|thumb|left|175px|''Búste fan Hannibal Barkas'']]
Yn de [[Earste Punyske oarloch]] hie Kartago syn oarlochsfloat ferlern en Hannibal moast in oar plan betinke om Rome oan te fallen. Hy besleat om Itaalje fia de [[Alpen]] oan te fallen, mei in hiel grut leger dat û.o. oer 42 oaljefanten beskikte. Nei in drege tocht oer de [[Pyreneeën]], de [[Rône (rivier)|Rône]] en de Alpen ([[Col du Mont Cenis]]), wêrby't in grut part fan it leger ferlern gie, kaam hy op de [[Poflakte]] yn Noard-Itaalje. Ynearsten brocht hy de Romeinen in tal ferskuorrende nederlagen ta, wêrûnder de [[slach by de Trebia]], de [[slach by de Trasimeenske mar]] en benammen de [[Slach by Cannae]], dêr't 8 [[legioen]]en ferneatige waarden en 48.000 Romeinen yn sneuvelen. Hannibal wie op dat stuit net te ferslaan en op grûn fan syn oerwinnings hat er letter it predikaat fan ûnbeslist en superieur fjildhear krige. Wat lykwols ek bydroech oan syn súksessen wie it feit dat guon fan de bûnsmaten fan Rome yn Itaalje en de krekt ferovere Gallyske gebieten op de Poflakte de strange Romeinske oerhearsking sêd wiene en oerrûnen nei de Kartagers.
 
Rome stie nei de ramp by Cannae yn [[216 f.Kr.]] oan de râne fan de ôfgrûn. Neffens Titus Livius soe de kommandant fan de ruterij Hannibal advisearre hawwe om fuortendaliks troch te setten nei Rome. Mar fanwege it hege tal ferwûnen en deaden yn it Kartaagske leger, keas Hannibal foar in oare strategy. Utsein de stêden [[Capua]] en [[Tarente (stêd)|Tarente]] bleau it meastepart fan de Italjaanske stêden trou oan Rome.
 
== Omkear yn de kriich ==