Pine Ridge (Súd-Dakota): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 27:
 
==Skiednis==
Yn [[1868]], doe't as gefolch fan it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]], tusken de [[Lakota (folk)|Lakota]] en de Amerikanen, it [[Grutte Sû Reservaat]] stifte waard, fêstigeûnstie dêrmei ek in [[Yndiaansk agintskip]] fan it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] (BIA) syn agintskip foar de [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]] (en yn 't earstoan teffens foar de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]]). Dat agintskip kaam nei it [[opperhaad]] [[Reade Wolk]] it [[Reade Wolk-agintskip]] te hjitten, en wie earst sitewearre op trije ûnderskate plakken yn [[Wyoming]] en [[Nebraska]], oant it úteinlik yn [[1878]] te Pine Ridge fêstige waard. Yn [[1889]] waard it Grutte Sû Reservaat de helte lytser makke, wylst it restant opdield waard yn fiif lytsere reservaten. Ien fan dy fiif wie it [[Pine Ridge Yndianereservaat]]. Sûnt de [[njoggentjinde iuw]] is Pine Ridge in ôfhandige úthoeke bleaun, dêr't net in soad te rêden is. De [[ekonomy]]ske sitewaasje is poermin, mei in withoehege wurkleazens, in lege libbensferwachting en djippe earmoede.
 
==Demografy==