Buro fan Yndiaanske Saken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 25:
[[File:Bia-sit-in.jpg|right|thumb|200px|In demonstraasje fan leden fan 'e ''[[National Indian Youth Council]]'' foar it kantoar fan it BIA yn [[Denver]], yn [[1970]].]]
 
Doe't der yn 'e sechstiger en santiger jierren in oplibbing fan 'e Yndiaanske kultuer plakfûn, waard it BIA it mikpunt fan it boargerrjochte-aktivisme fan 'e Yndianen. Sa waard fan [[3 novimber|3]] oant [[9 novimber]] [[1972]] it haadkertier fan it BIA yn Washington beset troch in groep fan sa'n 500 leden en sympatisanten fan 'e [[Amerikaanske Yndiaanske Beweging]] (AIM) en de [[AmerikaanskeNasjonale Yndiaanske Jeugdried]] (NIYC). Dêrby waard foar $700.000 skea oanrjochte en withoefolle argyfstikken rekken wei of waarden stellen. Yn [[1973]] wie it BIA behelle yn 'e [[Besetting fan Wounded Knee|belegering]] fan [[Wounded Knee (Súd-Dakota)|Wounded Knee]], yn it [[Pine Ridge Yndianereservaat]] yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Súd-Dakota]], doe't dat troch likernôch 200 [[Oglala]]-[[Lakota (folk)|Lakota]] en oare leden fan 'e AIM [[Besetting fan Wounded Knee|beset]] waard. Yn deselde snuorje stipe it BIA autoritêre en kontroversjele stamlieders, lykas [[Dick Wilson (stampresidint)|Dick Wilson]], de presidint fan 'e [[Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota|Oglala Sû Stamme]] (''Oglala Sioux Tribe''), dy't de finânsjes fan 'e stamme brûkte om in priveemilysje, de ''[[Guardians of the Oglala Nation]]'' (of ''GOON''s), op te setten, om 'e kiezers mei te yntimidearjen by de stampresidintsferkiezings fan [[1974]].
 
Op 't heden is it BIA dwaande mei it ferskowen fan in tasjochhâldende nei in advisearjende rol. Dat keallet lykwols swier, mei't de measte Yndianen it buro noch altyd sjogge as de kontroleurs fan 'e federale oerheid dy't harren op alderlei mêd mienden fertelle te moatten wat se wol en net dwaan mochten.