Niobrara (Nebraska): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Demografy: +ferstoarn
L red
Rigel 24:
}}
[[File:Knox_County_Nebraska_Incorporated_and_Unincorporated_areas_Niobrara_Highlighted.svg|left|thumb|200px|De lizzing fan Niobrara yn [[Knox County (Nebraska)|Knox County]] en yn 'e steat [[Nebraska]].]]
'''Niobrara''' [naiǝ'bɹæɹǝ] ([[Omaha (taal)|Omaha]]: Ní Ubthátha Tʰáⁿwaⁿgthaⁿ; útspr.: [nĩ ub'ɫᶞaɫᶞa 'wãŋɡɫᶞã]) is in doarp yn [[Knox County (Nebraska)|Knox County]], yn it noardeasten fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Nebraska]]. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] lei it ynwennertal fan it plak doe op 370 minsken. De rivier de [[Niobrara (rivier)|Niobrara]] rint lyk by it doarp lâns. Hoewol't it bûten de grinzen fan it [[Yndianereservaat|reservaat]] leit, binne yn Niobrara it reservaatsbestjoer fan it [[Santy Yndianereservaat]] (''Santee Indian Reservation''), en it haadkertier fan 'e [[Santy Sû Naasje]] (''Santee Sioux Nation'') fêstige.
 
==Skiednis==
Rigel 31:
==Demografy==
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan Niobrara 29,2% âlder as 65 jier en 16,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,6% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]]. Ut âldere gegevens, út [[2000]], die bliken dat doe 13,8% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]] libbe. Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn [[2010]] sa: 81,9% [[jeropide ras|blanken]]; 11,6% [[Yndianen]]; 2,4% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 0,3% [[negroïde ras|swarten]]; 3,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.
 
Hoewol't it bûten de grinzen fan 'e respektivelike [[Yndianereservaat|reservaten]] leit, binne yn Niobrara sawol de reservaatsbestjoeren fan it [[Santy Yndianereservaat]] (''Santee Indian Reservation'') en it [[Ponka Yndianereservaat]] (''Ponca Indian Reservation''), as de [[haadkertier]]en fan 'e [[List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Santy Sû Naasje]] (''Santee Sioux Nation'') en [[Ponka Stamme fan Nebraska]] (''Ponka Tribe of Nebraska'') fêstige.
 
===Ferstoarn yn Niobrara===