Swarte Tsjettel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 19:
| webside =
}}
'''Swarte Tsjettel''' ([[Sjajinsk]]: '''Moketavato''', útspr.: [mokɪtavato]; [[Ingelsk]]e oersetting: '''Black Kettle'''; ±[[1803]] – oan 'e rivier de [[Washita (rivier)|Washita]] ([[Oklahoma]]), [[27 novimber]] [[1868]]) wie in opperhaad fan 'e [[Súdlike Sjajinnen]] (''Southern Cheyenne''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Hoewol't er him fersette tsjin 'e opkringende [[kolonisaasje]] fan Yndiaansk lân troch de [[Feriene Steaten|Amerikanen]], wied er in fredesstifter, dy't ferdraggen akseptearre om syn folk te beskermjen. Hy oerlibbe yn [[1864]] it [[Bloedbad fan Sand Creek]], mar kaam om yn 'eit [[SlachBloedbad oanfan de Washita]], in Amerikaanske oanfal op syn kamp, yn [[1868]].
 
==Libben==
Rigel 38:
[[File:Washita River Oklahoma.jpg|right|thumb|200px|De rivier de [[Washita (rivier)|Washita]], likernôch op it plak dêr't Swarte Tsjettel yn [[1868]] omkaam.]]
 
===DeIt SlachBloedbad oanfan de Washita===
Likegoed joegen Swarte Tsjettel en syn folgelingen oan dat se noch altyd yn frede mei de blanken libje woene, en dêrta tekene it âlde opperhaad yn oktober [[1867]] alwer in nije oerienkomst mei de Amerikanen, it [[Ferdrach fan Medicine Lodge]]. Underwilens setten de jonge krigers fan 'e Súdlike Sjajinnen harren oanfallen op Amerikaanske doelen yn [[Kolorado]], [[Kansas]] en [[Teksas]] fuort, dêrby oanfierd troch sokken as [[Kromme Noas]] en [[Lange Bolle]]. Ynhoefier't de beide groepen inoar oerlapen, is in âld skiedkundich striidpunt. Neffens [[Lytse Rots]] (''Little Rock''), dy't de ûnderbefelhawwer fan Swarte Tsjettel wie, kearden in soad fan 'e krigers dy't de oanfallen útfierden neitiid werom nei it kamp fan Swarte Tsjettel, soms mei blanke finzenen, benammentlik froulju en bern, by harren. Mar Yndiaanske opperhaden hiene gjin wetlik gesach oer harren folk en moasten it inkeld fan harren persoanlike ynfloed hawwe, en tsjin dy tiid wie de ynfloed fan Swarte Tsjettel sa lyts wurden dat it ûnwierskynlik is dat er de dieden fan 'e jonge krigers yn syn kamp tsjinkeare kinnen hie as er dat besocht hie.
 
As reäksje op 'e oanhâldende oerfallen en moardpartijen ûntwurp de Amerikaanske generaal [[Philip Sheridan]], dy't namme makke hie yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]], in plan foar in strafekspedysje tsjin 'e Súdlike Sjajinnen. Syn idee wie om harren yn har winterkampen oan te fallen, al har foarrieden te ferneatigjen en har fee en hynders en eltsenien dy't him fersette te deadzjen. Neitiid soe de winter dan wol mei de oerlibbenen ôfweve. De fjildtocht waard útfierd troch in oare held út 'e Boargeroarloch, generaal [[George Armstrong Custer]]. Op [[27 novimber]] [[1868]] foel dy mei syn 7de Kavaleryregimint it doarp fan Swarte Tsjettel oan, dy't oan 'e rivier de [[Washita (rivier)|Washita]], yn [[Oklahoma]], syn kamp makke hie. Custer syn troepen deaden by dy saneamdedat [[SlachBloedbad oanfan de Washita]] mear as hûndert Yndianen, de measten Súdlike Sjajinnen. Swarte Tsjettel en de frou kamen om doe't se yn 'e rêch sketten waarden by it oerstekken fan 'e rivier, yn in besykjen om út te naaien.
 
Swarte Tsjettel wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as in grut fredesstifter en lieder, en hy is it meast ferneamde opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen. Party [[histoarikus|histoarisy]] hawwe krityk op him utere om't er de oanfallen fan syn krigers op 'e blanken net tsjinhold, mar it is gehiel ûnwis oft er dêr it fermogen wol ta hie. Deunby it plak dêr't er fermoarde waard, by [[Cheyenne (Oklahoma)|Cheyenne]], yn Oklahoma, stiet no it Swarte Tsjettel Museum, dat oan syn oantins wijd is.
Rigel 53:
[[Kategory:Persoan fan Sjajinsk komôf]]
[[Kategory:Yndiaansk lieder]]
[[Kategory:Persoan yn de Kolorado-oarloch]]
[[Kategory:Persoan yn de Komantsje-Oarloggen]]
[[Kategory:Moardslachtoffer]]