Waco CG-4: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
LNo edit summary
Rigel 30:
De '''Waco CG-4''' wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] militêr [[sweeffleanmasine]] dy't yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] in protte brûkt waard foar it ferfier fan troepen en materieel, ûnder oaren by de [[Operaasje Overlord]] en [[Operaasje Market Garden]]. It tastel waard fan maaie [[1942]] ôf oan yn de Feriene Steaten boud troch de [[Waco Aircraft Company]]. Der binne goed 13.900 fan makke.
 
It tastel hie in frame fan [[metaal]] en multipleks, beklaaid mei [[kanvas]]. De bemanning bestie út in [[piloat]] en in [[kopiloat]]. It tastel hie plak foar 13 soldaten en harren útrissing, of foar in [[Willys MB|jeep]], in [[houwitser]], of in oanhingwein. It tastel waard laden oan de foarkant; it foarste part fan it tastel koe opklapt wurde. It lâningsgestel bestie út trije lytse fêste tsjellen: twa oan wjerskanten fan de romp en in beweegber sturttsjel. As tôger waard meast de [[Douglas DC-3|C-47]] brûkt.
 
In tal CG-4's is bewarre bleaun en yn museums te sjen.