Nieuwe Encyclopedie van Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
 
== Skiednis ==
Inisjatyf ta it gearstallen fan de nije [[ensyklopedy]] kaam fan Buro Varenius, it kultuerhistoarysk ûndersyks- en publisiteitsburo fan [[Meindert Schroor]] en de [[Provinsje Fryslân]] yn [[1999]]. De foarige ensyklopedy, [[Encyclopedie van Friesland]], wie fan [[1958]] (mei in oanfolling yn 1975) en bot ferâldere. De provinsjes [[Grinslân]] (1999) en [[Drinte]] (2003) hiene al in modernere ensyklopedy en it waard tiid dat ek Fryslân in aktualisearre ferzje krige. It projekt wie in gearwurking fan [[Tresoar]] ([[Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum]]) en Buro Varenius, [[Meindert Schroor]] waard de haadredakteur.
 
It projekt soe yn [[2009]] al klear wêze, mar it waard 2016. De papieren edysje hat fjouwer dielen fan 3152 siden, mei goed 10.000 lemmas en 1100 fotoos, tabellen en grafiken. It wie it doel dat de ek in digitale ferzje komme soe, mar dy is er anno 2016 noch net.