Utjouwerij: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
red hiele side |
L red |
||
Rigel 4:
In útjouwerij begeliedt dêr't dat nedich is en/of op priis steld wurdt de skriuwer, en hat kontakten mei [[drukker]]s, [[boekhannel]]s, [[nasjonale bibleteek|nasjonale bibleteken]], [[oersetter]]s, ensfh. Nei ûnderlinge oerienstimming mei de skriuwer publisearret de útjouwer it wurk yn kwestje. Meastentiids wurdt de skriuwer dan betelle neffens it tal ferkochte eksimplaren: de [[royalty]]s. De finansjele risiko's wurde op dy wize troch de útjouwer oernommen. By min rinnende útjeften krijt de skriuwer minder betelle en hat de útjouwer mear skea, by better rinnende útjeften springe se der beide goed út. Ornaris kinne allinnich by goed rinnende útjeften de royaltys heech genôch wurde om 'e oeren dy't de skriuwer yn syn wurk stutsen hat, te fergoedzjen. It komt ek foar dat útjouwer en skriuwer yn 't foar in priis ôfprate dêr't de royaltys mei ôfkocht wurde. Der binne net in soad minsken dy't mei har kreativiteit in goede deihier fertsjinje kinne.
It kin by útjaan as aktiviteit om ferskate produkten gean: [[boek]]en, [[e-boek]]en, [[krante]]n, [[tydskrift]]en en by útwreiding om [[cd's]], [[dvd's]], [[audioboek]]en, [[blêdmuzyk]], [[webside]]n, ensfh.. Binnen dy skiften spesjalisearje útjouwers har gauris. Sa binne der útjouwers dy't benammen [[berneboek]]en útjouwe, oaren dy't [[literatuer]] publisearje en wer oaren dy't [[wittenskip]]like [[non-fiksje]] op 'e merk bringe. As yn in boek of oare publikaasje stiet:
== Keppeling om utens ==
|