Timmerman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
LNo edit summary
Rigel 1:
[[FileOfbyld:06746 Gwoździec.JPG|right|180px|thumb|Timmerlju yn 't spier.]]
In '''timmerman''' of '''timmerfrou''' is in [[ambacht]]sman dy't oan [[hout]]bewurking docht. Yn 'e bou ferrjochtet er nijbou en/of ûnderhâld oan houtene [[flier]]en, [[wand]]en, [[dak]]konstruksjes, [[kezyn|kezinen]], [[doar]]ren en [[finster]]s. Yn 'e [[meubulêr|meubelmakkerij]] wurdt in timmerman yn 'e omgongstaal faak in 'skrynwurker' neamd.
 
Foarhinne, yn 'e tiid dat houtene [[keapfardij|keapfarders]] om 'e wrâld sylden foar [[hannel]], wie de skipstimmerman in tige wichtige funksje oan board. Sa'nent ferrjochte ûnderweis it ûnderhâld oan it skip en reparearre oprûne averij. In spesjalisme ûnder skipstimmerlju wiene de [[mêst]]emakkers. Tsjintwurdich komme skipstimmerlju fral noch foar yn 'e [[jacht (boat)|jachtebou]], dêr't se 'skipsbesjitter' neamd wurde. Sokken binne faklju dy't wurk leverje op in plak dêr't frijwol gjin rjochte linen of searjewurk foarkomme en alles op maat makke wurde moat.