1667: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 11:
* [[6 july]] - [[Dowaai]] falt yn 'e hannen fan [[Loadewyk XIV fan Frankryk]].
* [[31 july]] - De [[Frede fan Breda]] wurdt sletten tusken [[Ingelân]] en de [[Republyk fan 'e Feriene Nederlannen]] om in ein te meitsjen oan 'e [[Twadde Ingelske Oarloch]].
* [[5 augustus]] - [[Ingelân]] ratifisearret de [[Frede fan Breda]]. Under de betingsten fan dat [[ferdrach]] behâlde de Ingelsen [[New York (stêd)|Nij-Amsterdam]] (dat omneamd wurdt ta New York), mar jouwe se de folle wichtigere [[eilân|eilannen]] [[Sint-Eustatius]] en [[Saba]] werom. Fierders kriget de Republyk [[Suriname]] yn besit en ek [[Kormantyn]], in [[fort]] yn [[West-Afrika]]. It Ferdrach fan Breda ferrommet fierders de [[Akte fan Navigaasje]] en Ingelân moat syn oanspraken op Pola[[Pulau Run]] yn de [[Banda eilannen]] op. It ferdrach is in grutte oerwinning foar de Republyk en benammen foar [[riedpinsjonaris]] [[Johan de Witt]].
* [[26 septimber]] - In [[Seelân|Siuwske]] ekspedysje mei sân [[skip]]pen feroveret it [[Ingelân|Ingelske]] [[fort]] [[Paramaribo]] yn it [[sûker]]rike [[Suriname]].
* ''sûnder datum'' - [[Kening]] [[Loadewyk XIV fan Frankryk]] ferskerpet de tariven tsjin 'e [[Steatsk]]e [[hannel]].