Stins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
?? twifel, letter better
No edit summary
Rigel 3:
In '''stins''' wie foarhinne yn [[Fryslân]] in iere foarm fan in hearehús of boarch.
 
It wurd ''stins'' komt fan ''stienhús''. Dêrby moat dan lykwols tocht wurde oan bakstien. De stinzen fungearje of as flechtboarch by in houten [[state]], of binne yn letter tiid útwreide ta stiennen states. De iennichste útsûndering hjirby is de noch hieltiid net ynboude [[Skierstins]]. De muorren wienen dik, faak mear as in meter, koenen sjitgatten hawwe, en it gebou hie mear as ien ferdjipping. De yngong wie op earste etaazje en waard berikt fia in trep oan de bûtenkant dy't fuorthelle wurde koe. Doe't yn de [[14e iuw|14e-]] en [[15e iuw]] de bewapening better waard, fral troch it opkommen fan fjoerwapens, wienen stinzen net langer feilich. Alle eardere stinzen hjitte troch dy ûntwikling no "state" of boarch.
 
De hearehuzen wiene oarspronklik it besit fan de [[adel]]ike famyljes dy't oer in soad lân beskikten. It meastepart fan de stinzen is yn de [[19e iuw]] ôfbrutsen, omdat goed ûnderhâld faak te djoer waard foar de eigeners. Yn guon fan de noch besteande stinzen binne tsjintwurdich museums fêstige. Faak lizze by stinzen en boargen prachtige krûdetunen. Foar krûdetunen dy't al út de [[16e iuw|16e]] of [[17e iuw]] stamje wurdt it wurd ''stinzetún'' brûkt.